Springe nei ynhâld

Koreaansk reidimerke

Ut Wikipedy
Koreaansk reidimerke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje imerkesjongerfûgels (Locustellidae)
skaai imerkesjongers (Helopsaltes)
soarte
Helopsaltes pleskei
Taczanowski, 1890
IUCN-status: kwetsber

It Koreaansk reidimerke (Helopsaltes pleskei, synonym: Locustella pleskei) is in fûgelsoarte út de famylje fan 'e imerkesjongerfûgels (Locustellidae) út it skaai imerkesjongers (Helopsaltes).

Oant 2018 wie de fûgel yndield yn it skaai strûksjongers (Locustella). In yn 2018 publisearre molekulêr fylogenetyske stúdzje fan 'e famylje fan 'e imerkesjongerfûgels wiisde út dat it skaai Locustella út twa klades bestie. Mei fiif oare soarten ferhûze it Koreaansk reidimerke nei it nije skaai Helopsaltes.

De 13 oant 14 sm lange fûgel hat in effen brune boppekant en in blekere búk. Koreaanske reidimerkes ha de minst konstrastearjende wynbraustreek fan 'e Aziatyske reidimerkes.[1]

De soarte libbet yn it easten fan Aazje fan it eastlikste Sibearje oant Koreä, Kyushu en de Izu-eilannen. De fûgel oerwinteret yn it suden fan Sina.

De totale populaasje wurdt lytser as 10.000 fûgels rûsd. De wiete gebieten fan syn winterferbliuw wurde ferneatige en de fûgel rekket ek briedgebieten op guon eilannen kwyt. Der wurdt oannommen dat de oantallen tebekrinne en dêrom wurdt de fûgel op 'e Reade list fan 'e IUCN as gefoelich klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: