Kordofanmosk
| Kordofanmosk | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Passer cordofanicus | ||||||||||||
| Heuglin, 1871 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De Kordofanmosk (Passer cordofanicus; synonimen Passer motitensis cordofanicus, Passer rufocinctus cordofanicus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e moskfûgels (Passeridae).
Ferskining
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Kordofanmosk is in typyske mosk mei in streke rêch, in grize kroan en nekke en in donker boarstplak. De eachstreek, rêch en stút binne oranjeread. De skaaien lykje in soad op inoar, mar mantsjes binne oer it generaal helderder fan kleur en it boarstplak is swarter en dúdliker oanwêzich.
Fersprieding en systematyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar fan eastlik Tsjaad oant west-sintraal Sûdan. De Kordofanmosk libbet op drûch lân, faak by doarpen en op kultivearre lân.
Earder waard de fûgel as in ûndersoarte fan 'e Masaimosk (Passer rufocinctus) behannele, dy't op syn bar wer as in ûndersoarte fan 'e rustmosk (Passer motitensis) behannele waard.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer it iten fan 'e fûgel is net it measte bekend, mar der wurdt fan út gien dat it bestiet út nôt en sied.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in relatyf grut ferspriedingsgebiet en de populaasje wurdt as stabyl beskôge. De Ynternasjonale Uny foar it Behâld fan 'e Natuer (IUCN) klassifisearret de fûgel as net bedrige (Least Concern, 2018).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kordofan is in regio yn Sûdan .
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
