Koraalmiuw
| koraalmiuw | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Ichthyaetus audouinii | ||||||||||||
| Payraudeau, 1826 | ||||||||||||
| IUCN-status: | ||||||||||||
De koraalmiuw of Audouinmiuw (Ichthyaetus audouinii; synonym: Larus audouinii) is in fûgel út de famylje fan 'e seefûgels (Laridae). Oant foar koart waard de soarte by it skaai Larus yndield, mar op basis fan ûndersyk oan mitogondriaal DNA is dúdlik woarn dat de fûgel yn it skaai Ichthyaetus thúsheart.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In folwoeksen koraalmiuw yn briedkleed is foar it grutste part wyt; de kop, hals, boarst, búk, sturt en de ûnderwjukken binne sniewyt. De boppekant fan 'e wjukken is sulvergriis, mei opfallende swarte wjukpunten dy't sawol fan boppen as fan ûnderen sichtber binne. De poaten binne griisgrien en de snaffel is helderread mei in swarte bân en in giele punt.
Juvenilen hawwe in brúngriis, skobbich fearrekleed, in donkere sturtbân en in rôze-eftige snaffel mei in donkere punt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dizze soarte komt foar op in beheind tal plakken yn it Middellânske Seegebiet. Guon fûgels lûke winterdeis nei de Atlantyske kusten fan Marokko oant Senegal, oaren binne stânfûgels. In grut part fan 'e populaasje briedt op 'e Chafarinas-eilannen by Marokko. Yn Nederlân is dizze soarte in dwaalgast mei mar in pear wisse waarnimmings.
Ekology
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koraalmiuwen briede op lytse rotsige eilannen mei in soad sinne en net in soad begroeiïng. It nêst, in kuoltsje tusken de stiennen, wurdt beklaaid mei gers, seewier en fearren. Yn april of maaie wurde 3 aaien lein, dy't oliifgrien oant ljochtbrún binne mei donkere plakken. De aaien wurde yn 26 oant 33 dagen útbret en de jongen ferlitte it nêst fuortendaliks. Nei fiif oant seis wiken kinne se fleane.
De fûgel yt benammen fisk, dy't yn 'e flecht of troch in dûk yn it wetter fongen wurde. Oars as in soad oare miuwesoarten ite se mar in bytsje ôffal; njonken fisk ite se ek guon oare soarten wetterdieren.
Status en bedrigingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutte fan 'e populaasje wurdt op 33.000 oant 46.000 folwoeksen eksimplaren rûsd. Oant 2018 stie de fûgel as 'net bedrige' (Least Concern) op 'e Reade list fan 'e IUCN, mar troch in sterke ôfname yn 'e lêste jierren is de status yn 2020 feroare yn 'kwetsber'. Om't de fûgel net op jiskebulten nei iten siket, is er foar syn bestean tige ôfhinklik fan in sûne fiskstân. De oerbefisking yn it Middellânske Seegebiet hat de beskikberens fan iten fermindere.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Swartkopmiuw
- Bedrige fûgel
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara
- Lânseigen fauna yn de Atlantyske Oseaan
- Lânseigen fauna yn de Middellânske See
