Kopenhagen (gemeente)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Kopenhagen
flagge wapen
Gjin Flagge (Bekend).PNG Coat of arms of Copenhagen.svg
lokaasje
Map DK København.PNG
polityk
lân Flag of Denmark.svg Denemark
regio Haadstêd
boargemaster Frank Jensen
sifers en geografy
haadplak
ynwennertal 613.288 (2018)
oerflak 86,20 km²
skiednis
oprjochte 1901
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.kk.dk

De gemeente Kopenhagen (Deensk: Københavns Kommune) is de meast folkrike gemeente fan Denemark. De gemeente befettet it sintrale diel fan de haadstêd fan it lân, Kopenhagen, ynklusyf grutte dielen fan Amager mar ekslusyf Frederiksberg.

Nei in dessinia lange tiid fan in stagnearjende groei fan it ynwennerstal is der de lêste tiid wer sprake fan in oanwaaks fan de befolking. Ferwachte wurdt dat de befolking noch oant 2027 tanimme sil ta 665.000 ynwenners. De gemeente hat likernôch 40.000 minsken yn tsjinst en is op de steat sels nei de grutste wurkjouwer fan it lân.

Yn it ramt fan de weryndieling yn 2007 bleau de gemeente selsstannich, mar it ferlear dêrby de provinsjale status en foarmet no diel fan de regio Haadstêd (Region Hovedstaden).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: