CITES

CITES is in multylateraal ferdrach dat rjochte is op 'e beskerming en preservearring fan bedrige biste- en plantesoarten troch beheinings te stellen oan of hielendal it near te lizzen op 'e ynternasjonale hannel yn sokke bisten en planten of dielen fan sokke bisten en planten. "CITES" is in ferkoarte akronym dat stiet foar Convention on International Trade in Endangered Species of Wild Fauna and Flora ("Konvinsje oangeande Ynternasjonale Hannel yn Bedrige Soarten Wylde Floara en Fauna"). It ferdrach waard oarspronklik opsteld as gefolch fan in resolúsje dy't yn 1963 oannommen waard op in gearkomste fan 'e Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN). It ferdrach waard yn 1973 sletten en trêde op 1 july 1975 yn wurking.
Leden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Anno 2025 binne hast alle lannen en territoaria fan 'e wrâld lid fan CITES. Utsûnderings binne steaten mei beheinde erkenning dy't net lid binne fan 'e Feriene Naasjes, lykas Taiwan, Palestina, Kosovo, de Westlike Sahara, Abgaazje, Súd-Osseesje en Transnistrje. Dêropta is der noch in hantsjefol algemien erkende lannen dy't (noch) gjin lid is. Dêrby giet it om: East-Timor, it Fatikaan, Haïty, Kiribaty, de Marshalleilannen, de Federearre Steaten fan Mikroneezje, Naurû, Noard-Koreä, Súd-Sûdaan en Tûvalû. De measte ôfhinklike gebieten falle foar it ferdrach ûnder harren memmelân; sa fertsjintwurdigje de Feriene Steaten ek û.m. Porto Riko en Amerikaansk-Samoä, wylst Frankryk ek û.o. Martinyk, Gûadelûp en Frânsk-Polyneezje fertsjintwurdiget. De ôfhinklike territoaria fan it Feriene Keninkryk, lykas Man, Bermuda en de Falklâneilannen, binne op eigen titel lid. De Fêreu-eilannen, in selsbestjoerend oerseesk gebietsdiel fan Denemark, is gjin lid fan CITES, wylst Grienlân, it oare selsbestjoerende oerseeske gebietsdiel fan Denemark, dat wol is. Njonken lannen en territoaria is ek ien organisaasje, de Jeropeeske Uny, lid fan CITES.
Taheakken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under CITES genietsje mear as 40.900 soarten, ûndersoarten en populaasjes fan bedrige bisten en planten beskerming. Elts dêrfan is opnommen yn ien fan 'e trije taheakken fan it ferdrach.
- De bisten en planten dy't opnommen binne yn Taheakke III genietsje beskerming yn teminsten ien lân. Dat lân moat foar opnimming fan dat bist of dy plant yn Taheakke III de oare leden fan CITES frege hawwe om 'e hannel yn (dielen fan) dat bist of dy plant te regulearjen. Inkele foarbylden binne Hoffmans twafingerige loaiert (Choloepus hoffmanni), oanfrege troch Kosta Rika, de sitatûnga (Tragelaphus spekii), oanfrege troch Gana, en de Afrikaanske sivetkat (Civettictis civetta), oanfrege troch Botswana.
- De bisten en planten dy't opnommen binne yn Taheakke II wurde noch net daliks bedrige mei útstjerren, mar de ynternasjonale hannel yn dy bisten en planten moat al strang beheind wurde om foar te kommen dat it dy kant útgiet. Inkele foarbylden binne de Amerikaanske swarte bear (Ursus americanus), de wite haai (Carcharodon carcharias) en Amerikaanske ginseng (Panax quinquefolius).
- De bisten en planten dy't opnommen binne yn Taheakke I wurde direkt mei útstjerren bedrige. Kommersjele ynternasjonale hannel is strang ferbean en foar net-kommersjele hannel (bygelyks tusken dieretunen, foar fokprogramma's) jilde strange betingsten en moatte dreech te besetten fergunnings oanfrege wurde. Foarbylden binne de reuzepanda (Ailuropoda melanoleuca), de tiger (Panthera tigris) en de readskonkdûk (Pygathrix nemaeus), in apesoarte.
Amendeminten en feroarings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Amendeminten oan 'e konvinsje moatte stipe wurde troch in twatrêde mearderheid fan 'e leden. Sokke feroarings yn it ferdrach kinne foarsteld en oannommen (of ôfwiisd) wurde op in CoP (Conference of the Parties, oftewol "Konferinsje fan 'e Leden"), dy't om 'e trije jier holden wurdt. Ek kinne nije soarten, ûndersoarten en populaasjes foarsteld wurde foar opname yn ien fan 'e taheakken, wylst soarten, ûndersoarten en populaasjes dy't al opnommen binne, tusken de taheakken ferskood wurde kinne of hielendal út 'e taheakken skrast wurde kinne, salang't dêr genôch stipe foar is. By it opnimmen fan in nije soarte, ûndersoarte of populaasje of binnen 90 dagen nei it ratifisearjen fan 'e konvinsje troch in nij lid kin der in foarbehâld makke wurde oangeande ien of mear bisten en planten. Bekende foarbehâlden binne bygelyks dy fan Iislân, Noarwegen en Japan oangeande bleinwalfisken en dat fan Saûdy-Araabje oangeande falken.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Bedrige bist
- Bedrige plant
- Ferdrach út 1973
- Ferdrach mei de Jeropeeske Uny
- Ferdrach mei Albaanje
- Ferdrach mei Andorra
- Ferdrach mei Armeenje
- Ferdrach mei Azerbeidzjan
- Ferdrach mei Belgje
- Ferdrach mei Bosnje-Hertsegovina
- Ferdrach mei Bulgarije
- Ferdrach mei Denemark
- Ferdrach mei Dútslân
- Ferdrach mei de DDR
- Ferdrach mei Eastenryk
- Ferdrach mei Estlân
- Ferdrach mei it Feriene Keninkryk
- Ferdrach mei Finlân
- Ferdrach mei Frankryk
- Ferdrach mei Georgje
- Ferdrach mei Gibraltar
- Ferdrach mei Grikelân
- Ferdrach mei Guernsey
- Ferdrach mei Hongarije
- Ferdrach mei Ierlân
- Ferdrach mei Yslân
- Ferdrach mei Itaalje
- Ferdrach mei Jersey
- Ferdrach mei Joegoslaavje
- Ferdrach mei Kroaasje
- Ferdrach mei Letlân
- Ferdrach mei Lychtenstein
- Ferdrach mei Litouwen
- Ferdrach mei Lúksemboarch
- Ferdrach mei Malta
- Ferdrach mei Man
- Ferdrach mei Moldaavje
- Ferdrach mei Monako
- Ferdrach mei Montenegro
- Ferdrach mei Nederlân
- Ferdrach mei Noard-Masedoanje
- Ferdrach mei Noarwegen
- Ferdrach mei de Oekraïne
- Ferdrach mei Poalen
- Ferdrach mei Portegal
- Ferdrach mei Roemeenje
- Ferdrach mei Ruslân
- Ferdrach mei San Marino
- Ferdrach mei Servje
- Ferdrach mei Sloveenje
- Ferdrach mei Slowakije
- Ferdrach mei Spanje
- Ferdrach mei Sweden
- Ferdrach mei Switserlân
- Ferdrach mei Syprus
- Ferdrach mei Tsjechje
- Ferdrach mei Tsjechoslowakije
- Ferdrach mei Turkije
- Ferdrach mei Wyt-Ruslân
- Ferdrach mei Anguilla
- Ferdrach mei Antigûa en Barbûda
- Ferdrach mei Arûba
- Ferdrach mei de Bahama's
- Ferdrach mei Barbados
- Ferdrach mei Belize
- Ferdrach mei Bermuda
- Ferdrach mei de Britske Famme-eilannen
- Ferdrach mei Dominika
- Ferdrach mei de Dominikaanske Republyk
- Ferdrach mei El Salvador
- Ferdrach mei de Feriene Steaten
- Ferdrach mei Grenada
- Ferdrach mei Grienlân
- Ferdrach mei Gûatemala
- Ferdrach mei Hondoeras
- Ferdrach mei Jamaika
- Ferdrach mei de Kaaimaneilannen
- Ferdrach mei Kanada
- Ferdrach mei Kosta Rika
- Ferdrach mei Kuba
- Ferdrach mei Kurasau
- Ferdrach mei Meksiko
- Ferdrach mei Montserrat
- Ferdrach mei de Nederlânske Antillen
- Ferdrach mei Nikaragûa
- Ferdrach mei Panama
- Ferdrach mei Sint-Finsint en de Grenadinen
- Ferdrach mei Sint-Kits en Nevis
- Ferdrach mei Sint-Lusia
- Ferdrach mei Sint-Marten
- Ferdrach mei Trinidad en Tobago
- Ferdrach mei de Turks- en Kaikoseilannen
- Ferdrach mei Argentynje
- Ferdrach mei Bolivia
- Ferdrach mei Brazylje
- Ferdrach mei de Falklâneilannen
- Ferdrach mei Ekwador
- Ferdrach mei Fenezuëla
- Ferdrach mei Guyana
- Ferdrach mei Kolombia
- Ferdrach mei Oerûguay
- Ferdrach mei Paraguay
- Ferdrach mei Perû
- Ferdrach mei Sily
- Ferdrach mei Suriname
- Ferdrach mei Afganistan
- Ferdrach mei Bachrein
- Ferdrach mei Bangladesj
- Ferdrach mei Birma
- Ferdrach mei Brûnei
- Ferdrach mei Bûtan
- Ferdrach mei de Feriene Arabyske Emiraten
- Ferdrach mei de Filipinen
- Ferdrach mei Fjetnam
- Ferdrach mei Yndia
- Ferdrach mei Yndoneezje
- Ferdrach mei Irak
- Ferdrach mei Iran
- Ferdrach mei Israel
- Ferdrach mei Japan
- Ferdrach mei Jemen
- Ferdrach mei Jordaanje
- Ferdrach mei Kambodja
- Ferdrach mei Katar
- Ferdrach mei Kazachstan
- Ferdrach mei Kirgyzje
- Ferdrach mei Koeweit
- Ferdrach mei Laos
- Ferdrach mei Libanon
- Ferdrach mei de Maldiven
- Ferdrach mei Maleizje
- Ferdrach mei Mongoalje
- Ferdrach mei Nepal
- Ferdrach mei Oezbekistan
- Ferdrach mei Oman
- Ferdrach mei Pakistan
- Ferdrach mei Saûdy-Araabje
- Ferdrach mei Sina
- Ferdrach mei Singapoer
- Ferdrach mei Sry Lanka
- Ferdrach mei Súd-Koreä
- Ferdrach mei Syrje
- Ferdrach mei Tadzjikistan
- Ferdrach mei Tailân
- Ferdrach mei Turkmenistan
- Ferdrach mei Austraalje
- Ferdrach mei de Cookeilannen
- Ferdrach mei Fanûatû
- Ferdrach mei Fidzjy
- Ferdrach mei Nij-Seelân
- Ferdrach mei Niûé
- Ferdrach mei Palau
- Ferdrach mei Papoea Nij-Guineä
- Ferdrach mei de Pitcairneilannen
- Ferdrach mei de Salomonseilannen
- Ferdrach mei Samoä
- Ferdrach mei Tonga
- Ferdrach mei Algerije
- Ferdrach mei Angoala
- Ferdrach mei Benyn
- Ferdrach mei Boerkina Faso
- Ferdrach mei Boerûndy
- Ferdrach mei Botswana
- Ferdrach mei it Britsk Territoarium yn de Yndyske Oseaan
- Ferdrach mei Dzjibûty
- Ferdrach mei Egypte
- Ferdrach mei Ekwatoriaal-Guinee
- Ferdrach mei Eritreä
- Ferdrach mei Etioopje
- Ferdrach mei Gabon
- Ferdrach mei Gambia
- Ferdrach mei Gana
- Ferdrach mei Guinee
- Ferdrach mei Guinee-Bissau
- Ferdrach mei Ivoarkust
- Ferdrach mei Kaapverdje
- Ferdrach mei Kameroen
- Ferdrach mei Kenia
- Ferdrach mei de Komoaren
- Ferdrach mei Kongo (Demokratyske Republyk)
- Ferdrach mei Kongo (Republyk)
- Ferdrach mei Lesoto
- Ferdrach mei Libearia
- Ferdrach mei Lybje
- Ferdrach mei Madagaskar
- Ferdrach mei Malawy
- Ferdrach mei Maly
- Ferdrach mei Marokko
- Ferdrach mei Mauretaanje
- Ferdrach mei Mauritsius
- Ferdrach mei Mozambyk
- Ferdrach mei Namybje
- Ferdrach mei Nigearia
- Ferdrach mei Niger
- Ferdrach mei Rûanda
- Ferdrach mei Sambia
- Ferdrach mei Sao Tomee en Prinsipe
- Ferdrach mei Senegal
- Ferdrach mei de Seysjellen
- Ferdrach mei Sierra Leöane
- Ferdrach mei Simbabwe
- Ferdrach mei de Sintraal-Afrikaanske Republyk
- Ferdrach mei Sint-Helena, Ascension en Tristan da Cunha
- Ferdrach mei Somaalje
- Ferdrach mei Súd-Afrika
- Ferdrach mei Sûdan
- Ferdrach mei Swazylân
- Ferdrach mei Tanzania
- Ferdrach mei Togo
- Ferdrach mei Tsjaad
- Ferdrach mei Tuneezje
- Ferdrach mei Uganda
