Kniezing

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Kontúzje)
Jump to navigation Jump to search
Esculaap4.svg    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
In kniezing.

In kniezing of kontúzje is in skansearring fan ûnderhûdsk weefsel troch útwindich geweld mei in stomp oerflak. Soks wurdt bygelyks in protte feroarsake te fallen of jin te stompen. It hûdoerflak bliuwt hjirby ornaris yntakt.

In kniezing giet mank mei in ûntstekkingsreäksje mei opsetten, pine en in bloedútstoarting, meastal yn 'e foarm fan in blau plak, trochdat de ierkes skansearre rekke binne. It tapassen fan kâlde kompressen kin by slimme kniezings it opsetten en de pine beheine.

By in lichte kniezing duorret it yn trochsneed trije wiken ear't de ferwûning folslein genêzen is. By in swiere kniezing kin dat oprinne oant wol seis wiken.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Zaagman-Van Buuren, M.J., en Jong, J.T.E. de, Algemene Ziekteleer (2e, op 'e nij besjoene druk), Houten/Diegen, 1997 (Bohn Stafleu van Loghum).