Springe nei ynhâld

Befruchting

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Konsepsje)
It momint fan 'e befruchting: in siedsel kringt in aaisel binnen.

Befruchting, konsepsje of yn it medysk jargon fekundaasje, is by de geslachtlike foarm fan fuortplanting it proses fan 'e gametogony (ek wol syngamy neamd): it mei-inoar ferranen fan twa haploïde gameten (geslachtssellen).

Dêrby giet it ornaris om in lytse, beweechlike gameet, lykas in siedsel, en in gruttere, net of folle minder beweechlike gameet, lykas in aaisel. It eigentlike mei-inoar ferranen komt dan feitliks del op it binnenkringen fan 'e lytse gameet yn 'e gruttere. As it yndie om in siedsel en in aaisel giet, binne de geslachten fan 'e âlden manlik (de bydrager fan 'e siedsel), resp. froulik (de bydraachster fan 'e aaisel).

It ferraningsproses fan 'e beide gameten liedt ta de ienwurding of karyogamy fan 'e manlike en de froulik selkearn en ta de foarming fan in diploïde sygoate. Uteinlings ûntstiet dêrút in embryo, dat him fierder ûntwikkelje kin ta in nij yndividu. Hoe't dit hiele proses krekt ferrint, wurdt ûndersocht yn 'e stúdzje fan 'e libbenssyklus.

Hoewol't prosessen as ynseminaasje (û.m. by sûchdieren, fûgels, reptilen, amfibyen en beskate fisken), ridzjen (by de measte bienfiskeftigen) en bestowing (by planten) gauris as synonimen foar befruchting brûkt wurde, geane dy eins oan 'e befruchting foarôf en binne it aparte prosessen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.