Springe nei ynhâld

Konrad Frey

Ut Wikipedy
Konrad Frey
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeKonrad Frey
nasjonaliteit West-Dútsk
bertedatum24 april 1909
berteplakBad Kreuznach
stjerdatum24 maaie 1974
stjerplakBad Kreuznach
sportive ynformaasje
sportTurnen
O.S.Berlyn 1936
debút1930
karriêre-ein1936
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 3x Olympyske Spullen 1936
Sulver grut sulver 1x Olympyske Spullen 1936
Brûns grut brûns 1x Olympyske Spullen 1936
Brûns grut brûns 1x WK 1934

Konrad Frey (Bad Kreuznach, 24 april 1909 - dêre, 24 maaie 1974) wie in Dútsk turner. Hy waard yn 1936 trijedûbeld Olympysk kampioen.

Hy die ienris mei oan it Wrâldkampioenskip, en oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen trije kear Olympyske kampioen. Hy waard ek trije kear Dútsk kampioen.

Nei syn dielname oan de Olympyske Spullen waard Frey sportlearaar. Nei't it lidmaatskipsferbod fan de NSDAP ferrûn wie, tsjinne er op 6 july 1937 in oanfraach yn om lid te wurden fan de NSDAP en waard mei weromwurkjende krêft oant 1 maaie fan itselde jier akseptearre. Yn'e Twadde Wrâldkriich tsjinne er as sersjant oan it Eastfront. Nei de kriich waard Frey op 'e nij befoege as sportlearaar, mar der is neat bekend oer syn untnazifisearring.

Yn 1954 waard Frey beneamd ta amtner foar it libben en fan 1955 oant 1961 wie er spesjalisearre adviseur foar skoalsport; hy gie yn 1967 mei pensjoen. Konrad Frey ferstoar op 24 maaie 1974, yn 'e aldens fan 65 jier.

Olympyske Simmerspullen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Plak Resultaten
1936 Dútslân
Berlyn
GoudBrêge
Goud Foltiizjehynder
Goud Mearkamp lannen
Sulver Rekstôk
Brûns Flier

wrâldkampioenskippen turnen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Plak Resultaten
1934 Hongarije
Bûdapest
Brûns Mearkamp lannen


Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL
    • Wikipedy:DE
    • Wikipedy:EN