Springe nei ynhâld

Konkordaat fan Worms

Ut Wikipedy
Diel tekst fan it Wormser konkordaat.

It Konkordaat fan Worms (Dútsk: Wormser Konkordat) wie in oerienkomst út it jier 1122 tusken de Roomsk-Dútske keizer Hindrik V en paus Kalikstus II. It makke in ein oan 'e saneamde ynvestituerstriid (Investiturstreit), in langrinnend konflikt tusken de Tsjerke en it Hillich Roomske Ryk oer de fraach wa't biskoppen beneame mocht.

Ynvestituerstriid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e iere tiid fan it kristendom (4e–6e iuw) waarden biskoppen meast keazen troch de lokale geastliken en de mienskip en de paus of metropolyt joech dêrnei syn goedkarring. Mei't it kristendom de offisjele religy waard, begûn de steat hieltyd mear ynfloed te krijen op tsjerklike saken. Fral ûnder de Frankyske keningen en letter de Karolingen (bygelyks Karel de Grutte) waard dy bân tusken Tsjerke en Steat sterker. Karel de Grutte seach himsels as Gods plakferfanger op ierde en brûkte biskoppen as bestjoerders fan syn ryk. De keizer seach himsels as beskermhear fan 'e Tsjerke en yn 'e 10 oant de 11e iuw wie it wenst dat de keizer of kening biskoppen oanwiisde, dy't sawol geastlike as wrâldske macht hienen. It wie in wenst dy't út politike needsaak ûntstie, net troch de religieuze lear. De befêstiging fan in biskop yn it amt gie tagelyk mei it jaan fan symboalen dy't de weardichheid dêrfan útbylden, lykas de ring en de stêf en waard ynvestituer neamd (fan it Latyn vestire, oanklaaie).

Mei de herfoarmings fan paus Gregoarius VII kaam dêr fûle wjerstân út de Tsjerke tsjin dy praktyk, dy't de geastlike autonomy werom ha woe. Yn 1075 ferbea paus Gregoarius VII dat wrâldske hearskers noch langer biskoppen of abten beneame mochten. Keizer Hindrik IV wegerde dat te akseptearjen en beneamde gewoan troch. Dat late ta in konflikt mei de paus, dy't de keizer lang om let ekskommunisearre. De striid duorre mear as fyftich jier en ferdielde sawol it Ryk as de Tsjerke.

Earst mei de ûndertekening fan 'e oerienkomst op 23 septimber 1122 by Worms kaam der in kompromis en in ein oan it konflikt. It bewarre Heinricianum befettet ek in list mei tsjûgen, wêrûnder ek biskop Godebold fan Utert. De keizer joech syn eask op om biskoppen en abten sels mei ring en stêf te ynstallearjen. Tenei soe de ferkiezing fan biskoppen en abten yn oanwêzigens fan 'e keizer of syn fertsjintwurdigers plakfine. De bedoeling dêrfan wie dat de keizer en syn deputaten der op tasjen koenen, dat der gjin politike fijannen oan 'e macht kamen.

Nei de ferkiezing joech de Roomsk-Dútske keizer de nije biskop of abt de regalia troch it oerjaan fan 'e skepter (it symboal fan 'e wrâldske rjochten en besittings), de geastlike krige dêrmei syn wrâldlike macht fan 'e keizer. Dêrnei waard de geastlike mei stêf en ring ynwijd troch de tsjerke — dat diel bleau eksklusyf foar de pauslike autoriteit. Dêrmei hold de keizer de politike macht en hold de Tsjerke de macht oer it religieuze amt.

Bûten it Hillige Roomske Ryk waard de biskop of abt keazen en ynwijd sûnder de bywêzigens fan 'e keizer. Pas nei de wijing joech keizer dan de regalia, ek wer mei de skepter, oan 'e biskop of abt.

Undersykers binne it deroer iens dat it Konkordaat fan Worms in wichtige bydrage levere hat oan it ferminderjen fan konflikten tusken it pausdom en it Ryk. Foar de keizer betsjutte it in slach, om't syn hillige aura dêrmei ferdwûn en ek de eardere ienheid fan it Ryk en it pausdom ôfskaft waard.

Alhoewol't it gjin folsleine skieding wie lykas wy dat no kinne, wie it Konkordaat fan Worms ien fan 'e grutte stappen nei de skieding fan Tsjerke en Steat yn Europa.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: