Springe nei ynhâld

Kongopappegaai

Ut Wikipedy
Kongopappegaai
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famyljePappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae)
skaaigrutkoppappegaaien (Poicephalus)
soarte
Poicephalus gulielmi
Jardine, 1849
IUCN-status: net bedrige

De Kongopappegaai (Poicephalus gulielmi) is in pappegaaiesoarte yn it skaai grutkoppappegaaien (Poicephalus) út de famylje Pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae).

De Kongopapegaai is likernôch 28 oant 30 sintimeter lang en hat in kompakt bealchje. De fûgel is oer it generaal djipgrien mei in donkere hast swarte kop. Opfallend binne de helderreade oant oranjereade plakken op 'e wjukken, dijen en op 'e krún. Guon fûgels ha in soad read op 'e kop, oaren hast neat. De fearren fan 'e wjukken binne donker, hast swart mei ljochtgriene rânen. De búk en it boarst binne faak ljochter grien mei in lyts bytsje giel. De snaffel is swart, de eagen binne giel oant oranje en ha in grize eachring.

De soarte libbet yn it tropysk reinwâld fan Sintraal-Afrika fan Kameroen en Gabon oant yn it easten fan 'e Demokratyske Republyk Kongo, Uganda en Kenia. Hy libbet meast yn fochtige, tichte bosken mar wurdt ek oantroffen yn sekundêre bosken en oan boskrânen oant op hichtes fan likernôch 2.200 meter.

Der wurde trije ûndersoarten ûnderskieden:

  • Poicephalus gulielmi gulielmi: Kameroen oant noardlik Angoala, eastlik Kongo-Kinsjasa, westlik Uganda.
  • Poicephalus gulielmi massaicus: westlik Kenia en noardlik Tanzania.
  • Poicephalus gulielmi fantiensis : Libearia oant Ivoarkust en Gana.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kongopappegaaien libje trochstrings yn pearkes of lytse groepkes. Se binne sosjaal, mar bûten it briedseizoen foarmje se komselden grutte groepen. De rop is lûd en skel. Yn it wyld ite se sied, nôt, fruchten, beien en somtiden blommen. Se sykje it iten meast heech yn 'e beammen.

It nêst wurdt boud yn beamholtes, faak heech boppe de grûn. In lechsel bestiet út 2 oant 4 aaien, dy't troch it wyfkes útbret wurde. It brieden duorret likernôch 26 oant 28 dagen en de jongen fleane nei 9 oant 10 wiken út.

De soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige (Least Concern) op 'e Reade list klassifisearre, mar lokaal kinne de populaasjes troch de ûntbosking of wyldfang foar de hannel ûnder druk stean en oannommen wurdt dat de populaasje in oantallen ôfnimt.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: