Kommaflinter

Ut Wikipedy
Kommaflinter
♂♂
taksonomy
Klasse: Ynsekten (Insecta)
Skift: Flinters (Lepidoptera)
Famylje: Groukopflinters (Nymhalidae)
soarte
Hesperia comma

De Kommaflinter (Hesperia comma) is in soarte yn it skaai fan de Brângroukopkes (Hesperia).

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter is de lêste jierren bot efterútgongen. De Kommaflinter is nog te finen yn de dunen tusken Wyk oan See en Egmond. Ek binne de flinters noch te finen op de Waadeilannen. Op de Feluwe is de flinter noch frij gewoan. It is in honkfêste soarte dy't hâldt fan drûge, skrale greiden. Ek haldt de Kommaflinter fan dunen en heidegebieten.

Op de reade list stiet de flinters as bedrige.

Flinter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op de foarwjuk fan in mantsje stiet in soart kommafoarmige streek, fandêr Kommaflinter. De wjuklingte is likernôch 12 oant 15 mm. De ûnderkant fan de efterwjuk is griisgrien mei in pear opfallende wite plakken.

Fleantiid[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flinter is te sjen fan heal juny ôf oant heal septimber, foaral tusken 25 july en 20 augustus. De kommaflinter fleant altyd yn ien generaasje.

Rûp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rûp kin 30 mm lang wurde. It liif is griiseftich fan kleur. De kop is hast hielendal swart. De jonge rûp libbet ticht by de grûn. De rûp groeit yn it foarjier en de simmer.

De rûp fret ferskillende gerssoarten lykas Strúskegers, Ringers, Bjindergers en Skieppegers.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]