Kolleezje fan dykgraaf en hiemrieden
It kolleezje fan dykgraaf en hiemrieden is it deistich bestjoer fan in wetterskip yn Nederlân.
It heechste orgaan fan in wetterskip is it algemien bestjoer (by guon wetterskippen yn it westen fan Nederlân ek wol verenigde vergadering neamd). Dit algemien bestjoer wurdt ienris yn de fjouwer jier troch ferkiezingen keazen en kin fergelike wurde mei de gemeenteried. It algemien bestjoer kiest út eigen rûnte in tal hiemrieden (fjouwer, fiif of seis) om sitting te nimmen yn it deistich bestjoer. Dit kolleezje fan dykgraaf en heemrieden is te fergelykjen mei it kolleezje fan boargemaster en wethâlders by in gemeente. De dykgraaf is foarsitter fan sawol it algemien as it deistich bestjoer en wurdt troch de Kroan beneamd foar in perioade fan seis jier.
De sekretaris-direkteur, dy't it haad is fan de amtlike organisaasje, stiet it kolleezje fan dykgraaf en hiemrieden amtlik by. De sekretaris-direkteur wurdt troch it kolleezje fan dykgraaf en heemrieden beneamd.