Springe nei ynhâld

Kolleezje fan Kardinalen

Ut Wikipedy
It embleem fan it Kolleezje fan Kardinalen

It Kolleezje fan Kardinalen (Latyn: Collegium Cardinalium), oprjochte yn de rin fan de njoggende iuw, bestiet út alle kardinalen fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Dat kolleezje spilet twa rollen foar de Tsjerke:

  • meidwaan oan it konklaaf as de Hillige Sit fakant is (foar alle kardinalen dy't net âlder binne as 80 jier);
  • It advisearjen fan de paus oer tsjerkesaken as er it kolleezje opropt ta in konsistoarje.

Macht fan it Kolleezje fan Kardinalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kolleezje hat gjin útfierende macht, útsein yn in perioade fan Sedisfakaasje, mar sels dan is syn macht tige beheind neffens Universi Dominici Gregis, de apostolyske konstitúsje fan paus Jehannes Paulus II, dy't rjochtlinen jout foar de Sedisfakaasje.

It Kolleezje hie lange tiid in troch paus Sikstus V yn 1588 fêststelde, maksimale omfieming fan 70 kardinalen. Paus Jehannes XXIII wie de earste dy't, oars sûnder de Sixtijnske regeljouwing oan te passen, it oantal fan 70 euro oertrêde: hy liet by syn ferstjerren yn 1963 in kolleezje fan 82 kardinalen nei.

Under paus Paulus VI binne de hjoeddeistige regels fêststeld. Yn it konsistoarje fan 22 febrewaris 1965, doe't er 27 kardinalen kreëarre, gie er oer it oantal fan 100 kardinalen hinne. Yn syn motu proprio Ingravescentem Ætatem bepaalde er dat kardinalen dy't op syn minst de leeftiid fan tachtich jier berikt hawwe gjin stimrjocht mear hawwe yn it konklaaf. Kardinalen dy't dy leeftiid passearre binne bliuwe har sitting hâlden yn it Kolleezje fan Kardinalen.

Dit motu proprio is lykwols in rjochtline en gjin strikte wet. Der kinne dus mear as 120 kiesberjochtige kardinalen wêze. It is ek foarkaam dat it oantal fan 120 mei guon oerskreaun waard. De paus antisipearret dêrmei op de oansteande 80e jierdei fan in tal kardinalen, dy't op dat stuit dus harren kiesrjocht ferlieze sille. It tal kardinalen dat oan in konklaaf dielnimme mei is wol strikt beheind ta 120. Op in pear mominten yn de skiednis gie it tal kiesberjochtige kardinalen dochs oer de 120 hinne, om't de paus mear kardinalen kreëarre hie. Dit wie ûnder oare it gefal yn 2025. Doe wiene der 133 kiesberjochtige kardinalen dy't oan it konklaaf meinamen. Foar it gefal dat werklik sa is yn in perioade fan sedisfakaasje, is lykwols neat spesifyk regele.

It kolleezje wurdt foarsitten troch de paus of troch de deken fan it kolleezje fan Kardinalen. Paus Fransiskus bepaalde dat fan 2020 ôf de kardinaaldeken foar in perioade fan fiif jier ferkeazen wurdt en dat dizze termyn ien kear op'e nij nijber is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:DE