Kolfstrjitte

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De Kolfstrjitte is in strjitte yn Grins, noardwest fan it Noarderplantsoen.

De strjitte begjint by de Tsjerkestrjitte, en rint krekt wat súdliker as west. Nei likernôch in tredde fan de strjitte, sa'n 75 m, is der in krúspunt mei de Selwerterstrjitte. De strjitte giet dêrfoarby streekrjocht noch sa'n 150 m fierder en einiget op de Plantsoenstrjitte. Gâns de strjitte is ienrjochtingsferkear.

De strjitte is ein 19e iuw oanlein en de huzen yn de strjitte binne doe ek boud. De strjitte is neamd nei de menistekolfbaan en -soasjeteit 'Welgelegen' oan de Tsjerkeleane (oant ± 1810). Lykas yn de oare strjitten fan de Plantsoenbuert, steane der in grut tal skippershuzen yn de strjitte.