Koggemûne (Aartswâld)
| Koggemûne | ||
| lokaasje | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| plak | Aartswâld | |
| adres | Kolkwei 2 | |
| koördinaten | 52°44'N 4°58'E | |
| bysûnderheden | ||
| type mûne | muonts | |
| funksje | poldermûne | |
| flecht | 23,4 m | |
| boujier | 1585 | |
| oare ynformaasje | ||
| monumintale status | ||
| monumintnûmer | 31787 | |
| Webside | ||
| Stifting Westfryske Mûnen | ||
| Kaart | ||
De Koggemûne of de Westuit Nû. 7 is in poldermûne oan 'e Kolkwei yn Aartswâld yn 'e Nederlânske gemeente Opmar.
Oant 1908 mealle de mûne tegearre mei 24 oare mûnen it oerstallige wetter fan 'e polders fan it likernôch 13.524 hektare grutte wetterskip De Vier Noorder Koggen út op 'e Sudersee. Fan dy 25 mûnen stienen súd fan Medemblik fyftjin mûnen. Oan 'e seedyk oan 'e noardlike râne fan 'e polder stiene noch tsien mûnen. Dêrfan stiene by Koppershorn trije, by Lambertschaag ek trije en east fan Aartswâld fjouwer.

Yn 1908 foel mei de foltôging fan 'e útwreiding fan it Stoomgemaal De Vier Noorder Koggen it beslút om de bemealling op wynkrêft hielendal ôf te skaffen. De mûnen wiene dêrmei allegear oerstallich woarn en fan 'e fjouwer mûnen by Aartswâld waarden de Westuit Nû. 8, de Westuit Nû 9, en de Kolk van Dussen ôfbrutsen. Westuit Nû. 7 bleau as wente yn gebrûk en rekke de wjukken kwyt.
Yn 1997 krige de mûne de wjukken werom en yn 2009 folge it kompletearjen fan it binnenwurk en krige de mûne in nije houten skroef. De mûne is hjoed-de-dei wer mealree, mar kin allinne yn sirkwy mealle.
De mûne wurdt ek tsjintwurdich noch bewenne en stiet krekt bûten it doarp. Eigner is de Stifting Westfryske Mûnen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
