Kofiauflaggesturtiisfûgel
| Kofiauflaggesturtiisfûgel | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Tanysiptera ellioti | ||||||||||||
| Sharpe, 1870 | ||||||||||||
| IUCN-status: gefoelich (hast bedrige)
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De Kofiauflaggesturtiisfûgel (Tanysiptera ellioti) is ien fan 'e njoggen fûgelsoarten fan it skaai flaggesturtiisfûgels (Tanysiptera) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De soarte is in relatyf lytse iisfûgel mei twa lange sintrale sturtfearren dy't 10 oant 11 sm langer binne as de rest fan 'e sturt. Mantsjes en wyfkes ha in blauwe kroan, donkerblauwe boppedielen en in wite stút. Ek it boarst en de búk binne wyt. De snaffel is read, it each donkerbrún en de poatsjes brúngriis oant gielbrún. De fûgel hat in soad fan 'e gewoane flaggesturtiisfûgel (T. galatea). mar oars as dy fûgel hat de Kofiauflaggesturtiisfûgel in folslein wite stut en minder spatelfoarmige einen oan 'e twa lange sturtfearren. Tusken wyfkes en mantsjes binne gjin ferskillen yn it fearrekleed.
Jonge fûgels binne donkerder as folwoeksen fûgels mei bêzje rânen oan 'e wjukfearren, ljochtbrune markearings op 'e boppedielen en brúnbêzje markearings op it ûnderbealchje. De sturt is blau oan 'e boppekant en griis oan 'e ûnderkant, wylst de snaffel brún is mei in ljochte punt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is endemysk op it eilân Kofiau, dat foar de kust fan West-Papoeä (Yndoneezje) leit.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in lyts ferspriedingsgebiet en de populaasje is nei alle gedachten ek lyts. It geskikte biotoop wurdt stadichoan lytser en degradearret. De IUCN kategorisearret de soarte op 'e Reade list as gefoelich (hast bedrige).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wittenskiplike namme fan 'e soarte ferwiist nei de Amerikaanske ornitolooch Daniel Giraud Elliot.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
