Kofiau
| Kofiau | ||
| geografy | ||
| lokaasje | Grutte Oseaan | |
| ûnderdiel fan | Raja Ampateilannen | |
| lân | ||
| provinsje | ||
| koördinaten | 1°10'S 129°50'E | |
| algemien | ||
| ynwennertal | 2.670 (2023)[1] | |
| sifers | ||
| oerflak | 210.3 km²[2] | |
| heechste punt | 220 m | |
| kaart | ||
Kofiau is in lyts eilân (of eins in eilannegroep) dat heart by de Raja Ampateilannen westlik fan Nij-Guineä yn 'e provinsje West-Papoea, Yndoneezje. It eilân leit súdwestlik fan it gruttere eilân Waigeo.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste bewenners fan Kofiau wiene etnyske Papoea’s. Harren foarâlden wennen al tûzenen jierren op Nij-Guineä.
Yn 'e 15e en 16e iuw lei it westen fan Nij-Guineä, ynklusyf Kofiau, somtiden yn 'e ynfloedssfear fan 'e Tidore- en Ternate-sultanaten út de Molukken. Dy keninkriken hiene in belang yn it útwreidzjen fan har hannelsnetwurken foar speserijen (muskaat en krûdnagel).

Yn 'e 17e iuw kamen de Nederlanners nei dit part fan de wrâld. Raja Ampat waard ynklusyf Kofiau yn 'e 19e iuw stadichoan ûnder Nederlânsk bewâld brocht. Foar de Nederlanners wie Kofiau net fan grut ekonomysk belang, mar it kaam as ûnderdiel fan Nederlânsk-Ynje wol ûnder de Nederlânske jurisdiksje. Misjonarissen út Dútslân en Nederlân brochten yn 'e 19e en 20e iuw it kristendom nei de eilannen.
Nei de Twadde Wrâldkriich waard Nederlânsk-Ynje as Yndoneezje selsstannich yn 1949, mar West-Nij-Guineä (dêr't Kofiau by heart) bleau oant 1962 ûnder Nederlânsk bestjoer. Op 1 maaie 1963 waard it gebiet offisjeel oerdroegen oan Yndoneesje mei it betingst dat de befolking in kar meitsje mocht oer harren takomst. Mei de tige kontroversjele Act of Free Choise waard Kofiau mei Nij-Guineä definityf ûnderdiel fan 'e Yndonezyske provinsje West-Papoea.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kofiau is ien fan 'e fjouwer grutte eilannen fan 'e Raja Ampateilannen (de oare trije binne Misool, Waigeo en Batanta). It eilân leit relatyf ôfsidich en is minder bekend by toeristen as bygelyks Waigeo of Misool. It bestiet út kalkstienheuvels, âlde koraalriffen en is oerdutsen mei tropysk reinwâld.
Kofiau is bekend om syn unike floara en fauna mei in oantal endemyske soarten, lykas de Kofiauflaggesturtiisfûgel en de Julianamonarch. It wetter om it eilân is hiel helder en ryk oan koraalriffen.
Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilân telt net in soad ynwenners, dy't foar it meast yn lytse doarpen oan 'e kust wenje. Etnysk hearre se by de Papoea's. De minsken libje tichteby de natuer en harren wurk bestiet út fiskjen en lytskalige lânbou. Minsken prate in Papoeataal en Yndonezysk. De befolking hat in sterke mienskipssin. Gearwurking, famyljebannen en respekt foar âlderen binne tige wichtich.
De measte minsken op Kofiau binne kristlik, fral protestantsk. Dat is it gefolch fan aktiviteiten fan sindelingen út de tiid fan 'e Nederlânske koloniale tiid. Der binne lykwols noch spoaren fan tradisjoneel animisme, lykas it leauwen yn natoergeasten (beamgeasten en foarfaarsgeasten). Yn guon doarpen kombinearje de ynwenners kristlike rituelen mei âlde tradysjes, bygelyks by begraffenissen of evenminten.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
