Springe nei ynhâld

Koekútsein

Ut Wikipedy
Koekútsein

jerk

sijke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai koekútseinen (Heteronetta)
Salvadori, 1866
soarte
Heteronetta atricapilla
Merrem, 1841
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De koekútsein of koekoeksein (Heteronetta atricapilla) is in fûgel út de famylje (Anatidae). De wittenskiplike namme fan 'e soarte is foar it earst yn 1841 jildich publisearre troch Merrem. It is de iennige soarte yn it skaai koekútseinen.

Pearke.

Koekútseinen wurde likernôch 35 sm lang. De soarte hat in lang bealchje en nei ferhâlding koarte wjukken. De snaffel bestiet út in swarte boppekaak en in oranje ûnderkake. Yn 'e briedtiid hat de boppekaak in read plak by de basis. Folwoeksen jerken ha in glânzgjende swarte kop en boppenekke en in wyt kin. De boppedielen binne brúnswart mei kanielkleurige of feale readeftige spikkels. De tichtsleine wjukken ha twa wite balken. De bút is wyteftich mei brune plakken en sjocht der sulvereftich út. Folwoeksen wyfkes ha in donkerbrune kop en nekke en in wyteftige kiel en lykje fierder op 'e jerkjes.

Juvenilen ha in soad fan it sijke, mar in mear readeftige boppekant, in mear gielige búk en in feale eachstreek.

Koekútseinen misse de stikelsturt en de dikkere snaffel fan syn sibben yn 'e tûke stikelsturtfûgels (Oxyurini).

De soarte komt yn it midden en suden fan Súd-Amearika foar. De grutste konsintraasjes binne te finen yn Sintraal-Sily oant Paraguay en Sintraal-Argentynje. De soarte libbet fral yn swietwettersompen mei de plant Scirpus californicus en bûten it briedgebiet wurdt de soarte yn marren, sleatten en ûnderstrûpt lân oantroffen.

Koekútseinen bouwe sels gjin nêst, mar lizze de aaien yn nêsten fan oare einen lykas dat fan 'e peposaka-ein (Netta peposaca), mar ek wol yn nêsten fan ralfûgels. Meiïnoar binne der 18 soarten bekend, dy't de aaien fan 'e koekútsein útbriede. Nei de ynkubaasje fan likenrôch 25 dagen binne de pykjes yn in pear oeren nei it ferlitten fan it nêst folslein selstannich.

Se dûke om te iten en ite fral sied, oanfolle mei slakken.

Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de soarte de status fan net bedrige.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Foar boarnen/referinsjes sjoch: [:en:Black-headed duck]
  • Birdlife