Springe nei ynhâld

Kobaltiisfûgel

Ut Wikipedy
Kobaltiisfûgel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift rôldereftigen (Coraciiformes)
famylje iisfûgels (Alcedinidae)
skaai echte iisfûgels (Alcedo)
soarte
Alcedo semitorquata
Swainson, 1823
IUCN-status: net bedrige

De kobaltiisfûgel (Alcedo semitorquata) is in fûgel fan it skaai echte iisfûgels (Alcedo semitorquata) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae).

De oant 18 sm lange en 35 oant 40 gram swiere fûgel hat blauwe boppedielen, in wite kiel en fealoranje ûnderdielen. De kop fan 'e fûgel hat in ôfwikseljend patroan fan ljochtblauwe en donkerblauwe streekjes en oan beide kanten fan 'e nekke rint in wite streek. De poatsjes binne read.

Mantsjes en wyfkes binne foar it grutste part itselde, mar it mantsje hat in swarte snaffel wylst it wyfke wat read op 'e ûndersnaffel hat.

Kobaltiisfûgels komme rûchwei yn 'e eastlike helte fan Afrika foar, fan Etioopje yn it noarden oant Súd-Afrika yn it suden. It biotoop fan 'e soarte bestiet út beken en rivieren mei in boskrike omjouwing. De fûgels wurde ek waarnommen yn oare wettergebieten, lykas swietwettersompen en langunes oan 'e kust.

Der binne gjin gegevens oer de grutte fan 'e populaasje. De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet, mar oannommen wurdt dat de oantallen tebekrinne. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de soarte as net bedrige klassifisearre.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en/of referinsjes op en:Half-collared kingfisher