Koartsturtwever
| Koartsturtwever | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Brachycope anomala | ||||||||||||
| Reichenow, 1887 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
De koartsturtwever (Brachycope anomala) is in sjongfûgel út de famylje weverfûgels (Ploceidae). De koartsturtwever is de iennige soarte yn it skaai Brachycope en wurdt behannele as monotypysk, itjinge betsjut dat er net ferdield is yn ûndersoarten.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koartsturtwevers binne lytse, finkeftige weverfûgeltsjes mei in hiele koarte, stompe sturt. In briedend mantsje hat in gieleftige krún en boarst en in swart masker. It net briedende mantsje, it wyfke en de jongen binne doffer en ha swarteftige streken op 'e boppedielen.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It fûgeltsje komt lokaal algemien foar op iepen plakken oan 'e iggen fan grutte rivieren yn it beboske Kongobekken. Se binne te finen yn pearkes en lytse groepen. Net briedende fûgels kinne maklik betize wurde mei oare ûnopfallende fûgeltsjes, mar de tige koarte sturt is unyk.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel komt foar yn Kameroen, Kongo-Kinsjasa en Kongo-Brazzaville oan 'e rivier de Kongo en yn it suden fan 'e Sintraal-Afrikaanske Republyk oan 'e rivier de Ubangi.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige (Least Concern, 2018) op 'e Reade list.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|