Koarte Suwei

Ut Wikipedy

De Koarte Suwei is in marke op de grins fan de gemeentes Tytsjerksteradiel en Dantumadiel. It marke leit súdeast fan Readtsjerk besuden de mar Swarte Broek, yn 'e himrik fan Feanwâlden (Dantumadiel) en Mûnein (Tytsjerksteradiel). Nei it suden giet de Koarte Suwei oer yn de Lange Suwei dy't de grins oanjout tusken it Ottema-Wiersmareservaat en de Sippenfennen.

De namme Koarte Suwei jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Korte Suaweg'.