Springe nei ynhâld

Ko Willems

Ut Wikipedy
Ko Willems
sporter
Ko Willems
Ko Willems
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJacobus Matheus Willems
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum27 oktober 1900
berteplakAmsterdam
stjerdatum28 septimber 1983
stjerplakAmsterdam
sportive ynformaasje
sportHurdfytsen
O.S.Parys 1924
karriêre-ein1932
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1924
Brûns grut brûns 1x NK 1927

Jacobus Matheus (Ko) Willems (Amsterdam, 27 oktober 1900 - dêre, 28 septimber 1983) wie in Nederlânsk hurdfytser.

Yn 1921 waard er nasjonaal kampioen by de twadde offisjele hurdfytswedstriid foar amateurs. Yn 1923 wûn er it Nederlânsk kampioenskip op de lange ôfstân op de dyk oer 30 km.

Hy die yn 1924 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Parys Olympysk kampioen, op de 50 kilometer op de baan. Dizze medalje wûn er nei't er in ôfspraak makke hie mei Jan Maas. It plan wie dat Maas, fuortride soe en hjirmei it peloton útputte soe en dat Willems it yn de sprint ôfmeitsje soe. Dit plan waard perfekt útfierd. Fan 10 km ôf gie Maas kear op kear oan en Willems besocht it tempo yn 'e kopgroep te drukken. Nei't it peloton úttinne wie ta fyftjin hurdfytsers, hie Willems de 'bêste skonken'. Mei in lingte foarsprong gie er as earste oer de finish. Nei de Spullen waard Willems prof, mar wûn gjin grutte wedstriden, al wûn er wol in brûnzen medalje op de 50 kilometer op de baan by it Nederlânske kampioenskip fan 1927.

Nei syn sportkarriêre hie Ko Willems in fytswinkel yn Amsterdam.
Ko Willems ferstoar op 28 septimber 1983, yn 'e âldens fan 82 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: