Klippedo
| Klippedo | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Columba rupestris | ||||||||||||
| Pallas, 1811 | ||||||||||||
De klippedo of klipdo (Columba rupestris) is in fûgel yn it skaai hôfdowen (Columba) út de famylje fan dowen (Columbidae).
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De klippedo is nau besibbe oan 'e rotsdo (Columba livia) en hat der ek in soad fan, mar libbet meast op gruttere hichten. Underskiedend fan 'e rotsdo is de brede wite bân op 'e swarte sturt. Klippedowen ha ek in ljochte rêch, dy't mei de grize mantel en boppedielen kontrastearret en is meast wat ljochter fan kleur as de rotsdo.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Klippedowen komme yn sintraal en eastlik Aazje foar. Der wurde twa ûndersoarten erkend:
- Columba rupestris turkestanica: fan it Altaiberchtme yn Sintraal-Aazje oant de westelik en noardelijke Himalaya en Tibet.
- Columba rupestris rupestris: Mongoalje, súdlik Sibearje oant Koreä, súdlik Sina en eastlik Tibet.
De fûgels libje yn rûge gebieten op hichtes fan 1500 oant 6100 m, fral fanôf 2000 m en heger. It is benammen in stânfûgel, mar de fûgels dy't op tige hege hichten briede, migrearje winterdeis nei legere gebieten. Se binne it hiele jier troch yn kloften te sjen, faak ek mei rotsdowen. De fûgel is net benaud foar minsken en faak foerazjeare se op kultuergrûn.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte hat in tige grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje. Oannommen wurdt dat de oantallen ôfnimme troch konkurrinsje mei de rotsdo, mar net sa bot dat de fûgel as bedrige beskôge wurde kin. De IUCN kategorisearret de klippedo dêrom as net bedrige (LC, 2024) op 'e Reade list. Der binne gjin rûzings fan 'e wrâldwide populaasje, mar de fûgel soe frij algemien foarkomme.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Hôfdo
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Noard-Koreä
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Súd-Koreä
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
