Springe nei ynhâld

Klimmen

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Klimmer)
In rotsklimmer fiert in frije soloklim út yn it Nasjonaal Park Yosemite yn Kalifornje.

Klimmen is it opgean fan fertikale of frijwol fertikale flakken of foarwerpen (lykas in tou of in ljedder). It is in foarm fan fuortbeweging. Immen dy't soks docht is in klimmer. It wurdt dien troch sawol minsken as bisten. Yn 'e bistewrâld binne bygelyks iikhoarntsjes, beamotters, spjochten, apen en lytse katten poerbêste klimmers fan benammen beammen. Minsken dogge klimmen wol as training foar in berop (bygelyks op 'e hindernisbaan yn it leger), mar noch faker as sport of by wize fan rekreaasje. Der binne gâns ûnderskate dissiplines yn it klimmen, dy't lykwols opdield wurde kinne yn twa haadkategoryen: rotsklimmen en berchbeklimmen.

Rotsklimmen is ûntstien tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw. Dissiplines binne:

  • single pitch climbing en multi-pitch climbing. Single pitch wol sizze it beklimmen fan in rotswand oant in hichte fan ien toulingte, maksimaal 50 m. Multi-pitch wol sizze dat men mear as ien toulingte klimt, mooglik wol oant 1.000 m. Beide foarmen kinne op ferskate manearen útoefene wurde:
    • aid climbing makket gebrûk fan ark en reau, lykas etriers (ljedders fan tekstyl), rotsheakken en oare wurktugen. Oarspronklik wie alle rotsklimmen aid climbing.
    • free climbing is rotsklimmen dat gjin gebrûk makket fan ark en reau.
      • sportklimmen is in foarm fan rotsklimmen dy't gjin gebrûk makket fan ark en reau, mar wêrby't foar de feilichheid fan 'e klimmers wol it gebrûk fan permanint fêstsittende krammen (of rotsheakken) ferplichte is.
      • tradisjoneel klimmen is in foarm fan rotsklimmen dy't gjin gebrûk makket fan ark en reau, mar wêrby't de klimmers wol ferwiderbere befeiligingsmaatregels pleatse, lykas klamreau en klamkilen dy't neitiid opromme wurde troch in twadde klimmer.
      • free soloing is in foarm fan rotsklimmen dy't alhiel gjin gebrûk makket fan befeiligingsmaatregels. Dat betsjut dat in fal ornaris deadlike gefolgen hawwe sil. In subfoarm is deep-water soloing, wêrby't men klimt boppe in oerflaktewetter, sadat men by in fal yn it wetter delkomt en oerlibbet.
    • top rope climbing is in foarm fan rotsklimmen dy't gjin gebrûk makket fan ark en reau, mar wol fan ien inkeld, yn 't foar oanbrocht klimtou dat fêstsit hielendal boppe-oan 'e klim. Dit wurdt net beskôge as in foarm fan free climbing, mar kin wol in feilige manear wêze om klimmers mei free climbing yn 'e kunde komme te litten.
  • bouldering is in foarm fan rotsklimmen wêrby't men rotsblokken (boulders) beklimt. Om't der alhiel gjin ark en reau by brûkt wurdt, is it yn prinsipe in foarm fan free climbing, mar fanwegen de lytse hichte bestiet der net folle kâns op in deadlike fal. By it beklimmen fan 'e aldergrutste rotsblokken, fan oant 10 m heech, is dat oars; dy foarm fan bouldering wurdt highball bouldering neamd.

De klimsport, ek wol sportklimmen neamd, is in regulearre sport op basis fan wedstrydmjittich rotsklimmen. It ûntstie yn 'e 1980-er jierren en wurdt dien as binnendoarklimmen op keunstmjittige klimwanden. De Ynternasjonale Federaasje foar Sportklimmen (IFSC) is it ynternasjonaal sportbûn foar dizze sport, en genietet as sadanich erkenning fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC). Kompetatyf iisklimmen is in selsstannige sport dy't gjin ûnderdiel is fan sportklimmen. It hat ek in eigen ynternasjonaal sportbûn, de Ynternasjonale Uny fan Alpinismeferienings (UIAA).

Oare soarten fan klimmen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.