Springe nei ynhâld

Klikstirns

Ut Wikipedy
klikstirns
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftwilstereftigen (Charadriiformes)
famyljeseefûgels (Laridae)
skaaiklikstirnzen (Thalasseus)
soarte
Thalasseus sandvicensis
Pallas, 1770
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast

Fersprieding Thalasseus sandvicensis sandvicensis

De klikstirns (Thalasseus sandvicensis, ek wol Sterna sandvicensis) is in fûgel yn it skaai Thalasseus.

Eartiids waarden de measte stirnzen yndield by it skaai Sterna. Ut DNA-ûndersyk hat bliken dien dat der sprake wie fan in fylogenysk skaai. De klikstirns waard dêrnei mei oare besibbe soarten yn it skaai Thalasseus set.

Briedkleed.
Winterkleed.

In folwoeksen klikstirns mjit 37 oant 43 sintimeter yn 'e lingte en hat in wjukspanwiidte fan sawat 100–110 sm. De boppekant fan 'e wjukken is ljochtgriis, wylst de ûnderkant en de hals wyt binne. De koarte sturt is foarke, itjinge yn 'e flecht goed te sjen is. Yn it briedkleed hat er in folslein swarte kroan, mei in swarte rûge túf op 'e nekke. Yn it winterkleed hat er in wite foarholle en is de swarte túf wat suterich. Mantsjes en wyfkes binne ferlykber fan uterlik. De snaffel is lang en swart mei in ljochtgiele punt. Ek de poaten binne swart.

De klikstirns briedt yn Jeropa en Aazje oan 'e kusten fan 'e Noardsee, de Eastsee, de Atlantyske Oseaan, de Middellânske See, de Swarte See en de Kaspyske See. Winterdeis migrearret er nei Súd-Jeropa, Afrika oant de kusten fan Yndia en Sry-Lanka.

Klikstirnzen op Teksel.

Yn 'e earste helte fan 'e 20e iuw brieden der noch 40.000 pearkes yn Nederlân. Wetterfersmoarging feroarsake in grutte delgong fan 'e soarte yn 'e jierren 1960. Dêrnei groeiden de oantallen wer oant sa'n 10.100-10.200 (2024) pearkes. Klikstirnzen briede fral yn in pear koloanjes op eilannen en kwelders yn it Waad- en Deltagebiet.

Yn Nederlân binne de klikstirnzen fan maart oant healwei novimber te sjen. Se bliuwe oan 'e kust. Winterdeis bliuwe der lytse oantallen.[1]


De klikstirns wurdt hjoed-de-dei as in monotypyske soarte behannele, itjinge betsjut dat der gjin ûndersoarten binne. De twa eardere ûndersoarten acuflavidus en eurygnathus wurde tsjintwurdich behannele as in aparte soarte, Amerikaanske klikstirns (T. acuflavidus).

De âlde yndieling wie:

  • Thalasseus sandvicensis sandvicensis – fan Europa oant de Kaspyske See; oerwinteret yn it suden fan Afrika, Yndia en Sry Lanka.
  • Thalasseus sandvicensis acuflavidus – súdeastlike kusten fan 'e Feriene Steaten fan Virginia súdlik oant Belize; oerwinteret oan 'e Golf fan Meksiko oant it Karibysk gebiet, de Atlantyske kust fan Súd-Amearika oant noardeastlik Brazylje, en oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan fan Kolombia oant súdlik Perû.
  • Thalasseus sandvicensis eurygnathus – yn 'e Kariben (Porto Riko en de Famme-eilannen), eilannen foar de kust fan Fenezuëla, de Guyana's en noardlik en eastlik Súd-Amearika fan Frânsk-Guyana oant noardlik Argentynje

De Amerikaanske klikstirns libbet yn Noard- en Súd-Amearika, fan it eastlike diel fan 'e Feriene Steaten oant Argentynje, wylst se ek te sjen binne oan 'e westkust fan Súd-Amearika súdlik nei Perû.

Amerikaanske klikstirnzen hawwe koartere snaffels en sterkere snaffels. Yn it Súdamerikaanske takson Eurygnatha is de snaffel ek folslein giel. Jonge Amerikaanske klikstirnzen hawwe gielige snaffels en folslein wite rêgen en wjukdekfearren, oars as de fûgels fan 'e Alde Wrâld, dy't folslein donkere snaffels en mear plakjes op 'e rêgen en wjukdekfearren hawwe.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en der binne gjin oanwizingen fan grutte bedrigingen of in ôfname fan 'e populaasje. Dêrfandinne klassifisearret de IUCN de soarte as net bedrige (Least Concern, 2019) op 'e Reade list.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: