Kleptoparasitisme
Kleptoparasitisme (fan it Grykske κλέπτω-, klepto-, dat "stelle" betsjut) is in foarm fan parasitisme dy't basearre is op dieverij. It hâldt yn dat it iene bist de proai opfret dy't troch it oare bist deade is mei de bedoeling om him sels op te fretten. Dat is in evolúsjonêr stabile strategy wannear't it stellen fan iten minder muoite (en dus enerzjy) ferget as om sels proaien te fangen.
In protte kleptoparasiten binne lidpoatigen, yn 't bysûnder bijen en meepsen, mar dit ferskynsel bestiet ek by beskate soarten miggen, krobben en spinnen. Kleptoparasitisme komt lykwols ek foar by wringedieren. Sa efterfolget de skraaits (Stercorarius pomarinus) yn 'e poalstreken guon seefûgels oant se sa stresst reitsje dat se de fisk dy't se fongen hawwe, opkoarje. Deselde strategy past de grutte fregatfûgel (Fregata minor) yn 'e tropen ta op gintfûgels.
Op lân fynt ek kleptoparasitisme plak wannear't liuwen (Panthera leo) of de bûnte hyena's (Crocuta crocuta) lytsere rôfdieren, lykas it jachtloaihoars (Acinonyx jubatus) of de hyenahûn (Lycaon pictus), by de proai wei jeie dy't se deade hawwe, om dyselde proai dêrnei sels op te fretten.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- in Kalifornyske miuw (Larus occidentalis) efterfolget in Kalifornyske klikstirns (Thalasseus elegans) dy't in fisk fongen hat
- in jachtloaihoars (Acinonyx jubatus) rêst út nei't er in ympala (Aepyceros melampus) deade hat
- in pear bûnte hyena's (Crocuta crocuta) fersline deselde ympala nei't se it jachtloaihoars ferdreaun hawwe
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
