Kleef
Kleef | ||
![]() | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | ![]() | |
dielsteat | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 52.887 (2023) | |
Oerflak | 97,76 km² | |
Befolkingsticht. | 541 ynw./km² | |
Hichte | 12 m | |
Oar | ||
Postkoade | 47533 | |
Koördinaten | 51°47' N 6°08' E | |
Offisjele webside | ||
www.kleve.de | ||
Kaart | ||
Kleef (Dútsk: Kleve) is in gemeente en stêd yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. It is de haadstêd fan 'e Kreis Kleve. De stêd leit 10 km besuden de Ryn tusken Emmerik en it Reichswald, net fier fan 'e grins mei Nederlân by Nijmegen.
De stêd leit op 'e helling fan 'e Nederrynske Heuvelrêch, in driuwwâl út de iistiid. Dy driuwwâl foarmet de grins fan it rivierterras fan 'e Ryn. It sintrum fan Kleef is heuveleftich en hat in kastiel op it heechste punt. De namme fan 'e stêd soe fan it Middelnederlânske wurdt clef of clif ôflaat wêze.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kearn fan 'e stêd foarmet it kastiel út de 10e iuw, de saneamde Schwanenburg. Njonken dat kastiel ûntstie in delsetting. Yn 1092 waard de namme Cleve foar it earst neamd. Greve Diederik VI stifte de stêd, dy't op 25 april 1242 stedsrjochten krige. It rjocht om in eigen ried te kiezen krige de stêd tsjin 'e ein fan 'e 13e iuw. De ferhûzing fan it Marijestift nei Kleef betsjutte in grutte stedsútwreiding en doe waard de Nijstêd (Neustadt) stifte. Grutte brannen ferneatigen de stêd yn 1368 en 1528. Troch in fernimstige houlikspolityk fan 'e Klever greven makke de stêd in grutte bloei mei. Op it konsylje fan Konstanz waard greve Adolf II yn 1417 yn 'e hartochstân opnommen.

Nei de ferieniging fan 'e hartochdommen Kleef, Gulik en Berg en de greefskippen Mark en Ravensberg yn 1521 wie Kleef in duchtige konkurrint fan Düsseldorf. De ferienige hartochdommen omfiemen yn 'e 16e iuw in gebiet, dat bûten de prinsbisdommen Keulen, Múnster en it greefskip Lippe, likernôch mei Noardryn-Westfalen oerienkaam. Nei de dea fan hartoch Jehan Willem yn 1609 foelen de gebieten oan it karfoarstedom Brandenburch en oan 'e Paltske Wittelsbacher fan Palts-Neuburg ta. Yn 'e 17e iuw krige Kleef njonken Berlyn en Keningsbergen de status fan in tredde Brandenburchske residinsjestêd.
Tusken 1647 en 1679 wie Jehan Maurits fan Nassau-Siegen troch de karfoarst Freark Willem I fan Brandenburch (1620–1688) as steedhâlder fan Kleef beneamd. Freark Willem hie earder troch Jehan Maurits yn De Haach prinsesse Louise Henriëtte fan Nassau kennen leard en nei harren houlik joegen hja earst de foarkar oan Kleef boppe Berlyn as wenplak. Yn Kleef waarden harren earste twa bern berne. Jehan Maurits fan Nassau-Siegen hie foar de Nederlânske West-Yndyske Kompanjy Mauritsstêd (sûnt 1710 Recife) yn Brazylje stifte. Yn De Haach liet Jehan Maurits nei syn weromkommen troch Jacob van Campen it Mauritshûs bouwe. Nei syn beneaming yn Kleef joech er opdracht om de Schwanenburg yn barokke styl te ferbouwen. As residinsje fan 'e steedhâlders waard it Prinsehôf boud, dat hjoed-de-dei noch troch in strjitnamme betocht wurdt. De parken en barokke tunen dy't er oanlizze liet, waarden mei de stêd in soad besocht troch reizigers. Op it plein fan 'e Schwanenburg betinkt in rutersbyld fan karfoarst Friedrich Wilhelm it Brandenburchske bewâld.

Oant de 18e iuw fierde Prusen yn syn Nederrynske provinsjes noch in relatyf tolerant taalbelied foar it Nederlânsk oer. Dat feroare nei't de gebieten troch it Kongres fan Wenen op 'e nij oan Prusen tawiisd waard en Prusen mei in aktive taalpolityk útein sette om in ein te meitsjen oan it Nederlânsk as fiertaal en te ferfangen troch it Dútsk as de iennige taal yn it offisjele ferkear. Ek waard it Nederlânsk yn 1827 op 'e skoallen en yn 'e tsjerken ferbean, de lêste domeinen dêr't it Nederlânsk noch hoek hold. Dochs bleau it Nederlânsk noch oant yn 'e lêste desinnia yn Kleef en omkriten yn tsjerken belangryk. It Dútske keizerryk telde om 1900 hinne noch 80.361 Nederlânsktalige ynwenners. De Kulturkampf late nei de ynfiering fan de anty-katolyke Maaiewetten (Maigesetze) ek yn it tradisjoneel katolike Kleef ta in grut tal konflikten. Sa waarden ferskillende boargemasters net erkend en preesters feroardiele.
Twadde Wrâldkriich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De synagoge fan Kleef baarne yn 'e nacht fan 9 nei 10 novimber 1938 ôf. Hjoed-de-dei stiet op it lege plak in monumint foar de joadske gemeente fan Kleef. Fan 'e yn 1933 likernôch 200 leden fan 'e joadske mienskip waarden der yn 'e tiid fan it nasjonaalsosjalisme 50 minsken fermoarde. It joadehûs oan it Spoykanal wie it sammelplak foar de te deportearjen joaden.
Ut it provinsjale psychiatryske ferpleechhûs Bedburg-Hau by Kleef waarden allinne yn maart 1940 mear as 1.700 pasjinten nei sintrale moardsintra brocht om se dêr te fermoardzjen.

Kleef hie gjin grutte militêre betsjutting en wie dêrom ynearsten ek gjin doel foar grutskalige bombardeminten op 'e stêd. Dat feroare tsjin 'e ein fan 'e oarloch doe't de stêd mei Emmerik sûnt oktober 1944 ek oanfallen waard. Op 7 oktober 1944 bombardearren 335 Britske bommesmiters Kleef, wêrby't 463 minsken omkamen. Fral it stedssintrum waard troffen. In oanfal oerdei op 7 febrewaris 1945 ferneatige ek it oare diel fan 'e stêd yn in kraterlânskip. De tsjerken en de Schwanenburg waarden hast folslein ferneatige. Dy twa bombardeminten ferneatigen de 700 jier âlde stêd oant 80% en tusken de 800 en 1.000 minsken ferlearen dêrby harren libben.
Tagelyk mei de lêste bombardeminten op 'e stêd begûn de Slach om it Reichswald. Mear as 10.000 soldaten fan beide kanten kamen yn 'e striid om. It doel fan 'e alliearden wie om fanút Nijmegen oer Kleef, Goch en Geldern oer de rykswegen 9 en 58 op te tsjen nei Wesel om dêr in brêge oer de Ryn oan te lizzen. De measte slachtoffers fan 'e striid lizze op it Dútske militêre begraafplak yn Donsbrüggen en it Britske kriichsbegraafplak yn it Reichswald begroeven.
Stedsyndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken de kearnstêd Kleef binne der noch 14 Ortsteile:
|
|
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fan it eardere kastiel Schwanenburg fan 'e greven fan Kleef út de 11e en 12e iuw is neat mear oer. Fan it 15e-iuwske slot binne de Swannetoer, in goatysk bouwurk mei wargong, hoektuorren en de Spiegeltoer oerbleaun.
- De eardere stiftstjerke Marije-Himelfeart is in trijeskippige goatyske tsjerke. De tsjerke waard yn 'e oarloch folslein ferneatige en krige by de weropbou in nije yndieling. Fan it oarspronklike ynterieur is in alter bewarre bleaun.
- De minderbruorretsjerke Marije-Untfinzenistsjerke oan 'e Tiergartenstraße is in twaskippige, goatyske halletsjerke mei in ienfâldich ynterieur. Nijsgjirrich binne de 15e-iuwske koerbanken.
- De protestantske tsjerke oan 'e Stechbahn is in goatyske bakstientsjerke út 1619-1621 en is nei de oarloch werboud.
Musea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kleve
|