Kleastertsjerke (Assen)

Ut Wikipedy
Kleastertsjerke

Kloosterkerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Assen
adres Brink 2-3
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 17e iuw mei behâld fan âldere dielen
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 8403
offisjele webside
Side Drintsk Museum

De Kleaster- of Abdijtsjerke yn it sintrum fan Assen wie eartiids in kleastertsjerke fan it sistersjinzerske nonnekleaster Mariënkamp.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It kleaster waard yn 1276 yn in dokumint neamd, mar nei alle gedachten al yn 1260 stifte. Yn 1596 krige de Fryske steedhâlder Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg de opdracht fan de Steaten-Generaal om yn Drinte de reformaasje yn te fieren. Op it fieren fan de roomske misse waard doe it near lein. De fan hegerhân opleine reformaasje koe lykwols gjin gebrûk meitsje fan de kleastertsjerke foar de kalvinistyske earetsjinst, want yn 1601 stoartte de toer yn. Dêrby rekke de tsjerke swier skansearre. Assen wie yn dy tiid mar in lytse delsetting en om't Assen tsjerklik ûnder Rolde foel moast it hantsjefol minsken dat der wenne tsjerkje yn Rolde.

Yn 1615 waard Assen in selsstannige herfoarme gemeente, dy't fanwegen brek oan in tsjerke de tsjinsten hâlde moast yn ien fan de oare kleasterromten. Pas yn 1662 waard de tsjerke wer opboud, dêrby bleau de midsiuwske súdlike muorre stean wylst de oare muorren op 'e nij opmitsele waarden. De nije tsjerke waard mar 25 meter lang, dat folle koarter wie as de oarspronklike kleastertsjerke dy't op syn minst 40 meter lang wie.

Mear dan twa iuwen lang makke de herfoarme gemeente fan Assen gebrûk fan de kleastertsjerke. Yn 1810 waard der in galerij ynboud en yn 1817 waar it oan de eastlike kant útwreide mei in koer, dat de tsjerke likernôch 12 meter langer makke. Mar it tal ynwenners fan Assen naam ta en de tsjerke woarde te lyts. Yn 1848 naam de gemeente de nije Grutte Tsjerke oan it Tsjerkeplein yn gebrûk. De kleastertsjerke waard foar 10.000 gûne oan de gemeente Assen ferkocht, dy't de kleastertsjerke in iuw lang as gemeentehûs brûkte. Ek wie der oant 1904 in plysjeburo yn ûnderbrocht. Nei de restauraasje yn 1982 waard de tsjerke ûnderdiel fan it Drintsk Museum

By de troch Wolter Hendrik Hofstede yn gong sette romtlike ûntjouwing fan Assen yn 1780 stie it tuorke fan de kleastertsjerke sintraal. Sawol de Haadleane fan it Asserbosk as de lêste oardel kilometer fan de Drintske Haadfeart binne sa oanlein, dat de assen dêrfan suverkrekt op de toer fan de kleastertsjerke oriëntearre binne.

By de restauraasje fan de tsjerke is de toer op 'e nij midden op de tsjerke set en fan in liedklok foarsjoen mei as râneskrift:

Ik ben zonder abdis,
nu het boek gesloten is,
en het bestuur is heengegaan,
de muzen toegedaan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Bethelkerk (Assen)