Springe nei ynhâld

Kleasteroarder

Ut Wikipedy

In kleasteroarder is in oarder fan religieuzen, manlju of froulju, dy't har feriene hawwe oangeande in mienskiplike leauwensopfetting en kleasterregel dêr't hja oan bûn binne, en dy't op in permaninte wize mei-inoar libje yn ien en deselde pleatslike mienskip, in kleaster of in timpel. Kleasters fan religieuzen dy't neffens in bepaalde regel libje, foarmje mei-inoar in kleasteroarder. Kleasteroarders komme foar by ferskillende religys, wêrûnder it kristendom, de islam en it boeddhisme.

Kristlike kleasteroarders

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it kristendom binne de kleasteroarders in saak fan de Roomsk-Katolike Tsjerke, in pear dêrmei ferbûne Aastersk-Katolike tsjerken en de Anglikaanske Tsjerke. De Easters-ortodokse tsjerken en de oriïntaals-ortodokse tsjerken hawwe in hiel soad kleasters, mar kenne gjin ôfsûnderlike kleasteroarders. De Luterske kleasters foarmje likemin ôfsûnderlike ferbannen en binne folslein yntegrearre yn de regionale tsjerklike organisaasje. Yn rûnten fan herfoarmen en metodisten kamen yn de 19e iuw diakonessehuzen op.

Boeddhistyske kleasteroarders

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De boeddhistyske Sangha as gehiel is in kleasteroarder, dy't basearre is op de Dhamma en Vinaya fan de Boeddha. Boeddhistyske muontsen wurde bhikkhus neamd. Strikt nommen hoege bhikkhus net altyd yn kleasters te wenjen, mar it is al de noarm. De Oarder fan Bhikkhunis is in aparte kleasteroarder foar nonnen.

Islamityske kleasteroarders

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Soefisme hat in protte kleasteroarders, ek wol tariqats neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL