Kleaster fan Tolga

Ut Wikipedy
Kleaster fan Tolga

Толгский монастырь

bouwurk
lokaasje
lân Ruslân
oblast Jaroslavl
plak Jaroslavl
koördinaten 57° 41' N 39° 49' E
bysûnderheden
type bouwurk kleaster
monumintale status Monumint fan stêdebou en arsjitektuer
monumintnûmer 7610073000
offisjele webside
montolga.ru

It Kleaster fan Tolga, offisjeel it Kleaster fan de Tempelgong fan de Hillige Faam (Russysk: То́лгский Яросла́вский в честь Введе́ния во храм), is in otterdoksk nonnekleaster oan de lofterkant fan de Wolga yn Jaroslavl, Ruslân.

It oarspronklik yn 1314 troch de biskop fan Rostov as kleaster foar muontsen stifte kleaster barde op it plak dêr't in wûnderdiedich ikoan fan de Mem Gods (De Teotokos fan Tolga) fûn waard. Nei't it kleaster sechtich jier lang yn de Sovjet-tiid sletten wie, waard it yn 1987 wer as kleaster foar nonnen iepene. De namme Tolga komt fan de rivier Tolga, dy't troch Jaroslavl streamt.

By it kleaster leit in unyk lyts park út de 16e iuw, dêr't Sibearyske seder's groeie.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Teotokos fan Tolga

Neffens de oerlevering tanket it kleaster it bestean oan de fynst fan in ikoan oan de igge fan de Wolga op sa'n 8 werst fan Jaroslavl. It ikoan waard ûntdutsen troch Trifon, de metrolyt fan Rostov, dy't seach dat it yn in aureoal boppe de grûn sweve. Jimmeroan ferskynde it ikoan op itselde plak en dat waard as in godlike oanwizing ferstien dat op it plak in tsjerke boud wurde moast.

Oant yn de 17e iuw wiene de gebouwen fan it kleaster fan hout. It kleaster hie dan ek in soan fan brân te lijen, foar it lêst yn de 16e iuw doe't it hiele kleaster, mei útsûndering fan it wûnderdiedige ikoan, troch it fjoer fertard waard. Yn 1609 plonderden Poalsk-Litouske troepen it kleaster en waarden alle muontsen fan it kleaster fermoardde. Likegoed spile it kleaster in wichtige rol by de folksopstân ûnder Kûzma Minin en Dimitri Posjarski en rekke sa yn heech oansjen by de tsaren, dy't it kleaster mei skinkings en lân begeunstigen. Yn it lêste tredde part fan de 17e iuw feroare it kleaster yn in grutte bouput en waarden hast alle bouwurken op grutskalige wize op 'e nij yn stien oplutsen.

It kleaster yn 1910

Der kaam yn 1929 ûnder de bolsjewiken in ein oan it monastike libben yn it kleaster. It kompleks foel yn 1936 ûnder de ferantwurdlikens fan it Folkskommisariaat fan Ynlânske Saken, dat yn de jierren 1950 yn de gebouwen in opfiedingsgesticht foar bern ûnderbrocht. Foar dy funksje moast in diel fan de gebouwen ferboud wurde en dêrmei rekke it noch besteande ynterieur slim skansearre.

Yn it ramt fan it 1000-jierrich jubileum fan it kerstenjen fan de Rûs yn 1987 waard it kleaster oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke werom jûn. Tsjintwurdich wenje der yn it kleaster likernôch 100 nonnen en pachtet it kleaster fan de oerheid mear as 254 hektare grûn foar agraryske doelen.

Sûnt 2003 krige it ikoan fan de Mem Gods fan Tolga ek wer in plak yn it kleaster. Tûzenen pylgers en toeristen bringe alle jierren wer in besite oan it kleaster.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Klokketoer
  • De Tempelgongtsjerke waard yn de hjoeddeiske foarm tusken 1681 en 1688 boud en stiet op it plak fan de earste houten tsjerke út de 14e iuw. Doe't de katolikon boud waard ferfong it in 16e iuwsk tsjerkegebou, dy't mooglik noch troch Ivan IV stifte wie. De tsjerke tsjinne ek as grêftsjerke fan foaroansteande boargers, minsken fan de adel en de igumen fan Tolga. Yn de jierren 1690 waard de tsjerke beskildere troch keunsters út Jaroslavl en Kostroma.
  • Oan de noardwestlike hoeke fan it foarportaal fan de katolikon stiet de klokketoer. De trije ûnderste ferdjippings datearje út 1683-1685. De toer waard yn 1826 mei twa ferdjippings yn klassistyske styl ferhege.
  • Troch in fleugel mei in gong yn de ûnderste ferdjipping en in sletten galerij op de boppenste ferdjipping wurdt de Krúsferheffingstsjerke ferbÛn mei de refter, dy't eastlik oan de tsjerke oanslút. De refter datearret út 1625, mar waard yn de jierren 1670 foar in grut part op 'e nij boud en yn 'e 19e iuw yn klassistyske styl ferboud. Benammen de refter hie yn de Sovjet-tiid swier te lijen troch de feroaring fan funksje. Tuskenmuorren waarden útbrutsen en dragers fan staal ynbrocht, wêrtroch't de hiele histoaryske muorredekoraasje folslein ferlern gyng. De tsjintwurdige beskildering fan de tsjerke yn de styl fan de skoalle fan Jaroslavl fan de 17e iuw datearret út 2000-2002 en waard oanbrocht troch studinten fan de Russyske Keunstakademy.
  • De barokke Ferlossertsjerke stiet yn it noardeastlike diel fan it kompleks en waard boud yn de jierren 1710. It gebou fertsjintwurdiget de Moskouse barok en hat in achthoekige toer mei njoggen sipels.
  • It kompleks wurdt omsletten troch in sterke ferdigeningsmuorre mei acht tuorren, dy't yn de 17e iuw boud waard. De bou de Hillige Poarte waard moglik makke troch de bruorren Semjon en Ivan Svertsjkov. De tsjerke fan de Hillige Poarte is wijd oan de hillige Nikolaas.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:de:Kloster zu Mariä Tempelgang von Tolga]