Kleaster fan Hosios Loukas
| Kleaster fan Hosios Loukas Μονή Οσίου Λουκά | ||
| lofts de katolikon, rjochts de Mem Godstsjerke. | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | Distomo | |
| koördinaten | 38°23' N 22°44' E | |
| Kleastergegevens | ||
| denominaasje | Tsjerke fan Grikelân | |
| oprjochting | 11e iuw | |
| oprjochter | Lukas fan Steiris | |
| Webside | ||
| esphigmenou.com | ||
| Kaart | ||
It kleaster fan Hosios Loukas (Gryksk: Μονή Οσίου Λουκά; "Kleaster fan 'e rjochtfearige Lukas") is in kleaster by it doarpke Steiri, 4 km súdeastlik fan Distomo, op 'e helling fan 'e berch Helikon yn Grikelân. It is ien fan 'e meast wichtige Byzantynske monuminten en stiet sûnt 1990 tegearre mei twa oare kleasters út de Midden-Byzantynske tiid as de kleasters fan Dafni, Hosios Loukas en Nea Moni (Gios) op 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn 'e 10e iuw stifte de fan it eilân Egina stammende hearemyt Lukas fan Steiris op it plak fan it hjoeddeiske kleaster foar de antike stêd Stiris oer in klús. Hy koe op dat plak syn leauwen feilich útoefenje sûnder lêst te hawwe fan ynfalllende Slaven of Sarasenen, dy't yn dy tiid de Grykske kusten ôfstrúnden. Nei alle gedachten soe noch yn syn libben in oan 'e hillige Barbara wijde tsjerke boud wêze, dy't no de kearn fan 'e hjoeddeiske Panagiatsjerke foarmet.
Lukas besiet profetyske jeften en foarsei it werom feroverjen fan Kreta op 'e Arabieren. Doe't twintich jier nei syn dea syn foarsizzing út kaam en mei de oermastering fan Kreta yn maart 961 syn foarspelling útkaam en Romanos II in ein makke oan it Arabysk Emiraat, waard it kleaster in beafeartssintrum en besochten in soad pylgers syn tombe.
Yn 'e Grykske Unôfhinklikheidskriich (1821–1822) brochten yn 1822 Ottomaanske troepen skea oan it kleaster en waarden in pear pleatsen fan it kleaster yn 'e brân stutsen. In jier letter kamen de Turken werom en binne net allinnich de kleastergebouwen mar waard ek de oarspronklike tsjerke yn 'e brân stutsen, wêrby 't dielen fan dekoraasjes en histoaryske eleminten ferlern gyngen. Nei de plonderingen fan 'e Turken yn 1923 briek de pest ûnder de Turken út, itjinge yn 'e tsjerklike tradysjes as in straf fan 'e hillige Lukas beskôge wurdt.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It Sint-Lukaskleaster is it grutste fan 'e trije kleasters dy't yn Grikelân oerbleaun binne út 'e Midden-Byzantynske tiid. It kleasterkompleks bestiet út twa oaninoar boude tsjerken: de katolikon en de wat heger lizzende noardeastlik oangrinzgjende Mem Godstsjerke. Súdlike fan 'e katolikon is in trochgong nei de wat leger lizzende refter, dat no as museum tsjinnet. De klokketoer waard yn 1863 op 'e nij boud. It kleaster hat der lykwols fjouwer hân.
De katolikon is oan Sint-Lukas wijd en datearret fan 1011. De bou fertsjintwurdige n dy tiid in nij type tsjerke, dat ferskilt fan sawol in basilyk as de koepeltsjerken fan eardere iuwen. It lange, rjochthoekige gebou is in krúskoepeltsjerke, in type dat oars typysk is foar de midsiuwske Armeenske arsjitektuer. De ienfâldige bûtenmuorren binne makke fan bakstien en antike stienblokken, mooglik hjirhinne brocht fanút Delfi. Dielen fan 'e bûtenmuorren kinne oarspronklik bepleistere of beklaaid wêze. It ynterieur kontrastearret tige mei de rûge bûtenkant. De tsjerke wurdt oerfulve troch in koepelfresko mei in diameter fan 9 meter. Fral de 11e-iuwske mozaïken binne opmerklik. De noch goede steat fan 'e dekoraasje makket de tsjerke unyk yn Grikelân. Allinnich de mozaïken fan 'e haadkoepel gongen ferlern by in ynstoarting yn 'e 16e of 17e iuw en waarden ferfongen troch nije fresko's fan 'e Pantokrator, de Faam Marije, Jehannes de Doper en de Aartsingels.

De krypt ûnder de katolikon wie oarspronklik it grêfplak fan Lukas fan Steiris. Letter ferhûze syn skryn nei in plak op 'e grins fan 'e twa tsjerken
De lytsere en âldere Mem Godstsjerke is ferbûn mei de katolikon troch in pyldergong. It is opfallend dat beide tsjerken trije rûne apsissen hawwe, wylst dy fan bûten foar in part hoekich binne en foar in part efter rjochte muorren skûl geane.
Om de tsjerke hinne binne de wenferbliuwen fan ' e muontsen groepearre.
Lukas fan Steiris
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster waard troch Sint-Lukas (Gryksk: Hosios Loukas) stifte, waans reliken oant de dei fan hjoed yn it kleaster bewarre wurde. Sint-Lukas moat net betiizge wurd mei de skriuwer fan it evangeelje en Hannelingen. It wie in muonts dy't op 7 febrewaris 953 ferstoar en hy waard fral bekend om 't er it werom feroverjen fan Kreta troch keizer Romanos II op 'e Arabieren foarsei.
It kleaster waard ryk mei't in soad minsken leauden dat de reliken fan Sint-Lukas myron ôfskate, in soarte fan parfumearre oalje dy't wûnders feroarsake. Pylgers dy't hopen op mirakuleuze help waarden oantrune om njonken it grêf te sliepen, sadat se mei de de ôfskieding besmet en better waarden .
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
