Kleaster fan Gelati
| Kleaster fan Gelati გელათის მონასტერი | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| plak | Kûtaisi | |
| koördinaten | 42°15' N 42°43' E | |
| Kleastergegevens | ||
| oprjochting | 1106 | |
| oprjochter | David IV fan Georgje | |
| Ynformaasje bou | ||
| boujier | 12e-13e iuw | |
| Kaart | ||
It kleaster fan Gelati (Georgysk: გელათის მონასტერი) of it kleaster fan 'e Jongfaam yn Gelati is in kleaster by de stêd Kûtaisi yn it westen fan Georgje. It kleaster wurdt omklamme troch in muorre. De measte gebouwen fan it kompleks datearje út de 12e en 13e iuw.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eastersk-otterdokse kleaster waard yn 1106 yn opdracht fan David de Bouwer, kening fan 1089 oant 1125, boud.
Njonken kleasters yn it noardeasten fan it hjoeddeiske Turkije besiet it kleaster yn 'e 12e iuw ek de bekendste goud- en sulversmidderij fan Georgje. Yn it kleaster waarden de belangrykste keningen en keninginnen fan Georgje gegroeven. Ek de stifter fan it kleaster waard dêr begroeven.

Oant yn 'e 16e iuw tsjinne Gelati allinnich as kleaster, mar sûnt 1529 oant 1822 wie it ek de sit fan 'e Georgysk-Otterdokse Tsjerke. De aartsbiskop fan Gelati waard Genateli neamd. De katedraal is oan 'e Mem Gods wijd.
Yn 1106 stifte kening David neffens it foarbyld fan 'e Akademy fan Konstantinopel de Akademy fan Gelati, ien fan 'e meast wichtige kulturele en ûnderwiiskundige sintra fan it âlde Georgje. Oan 'e akademy wurken de bêste Georgyske wittenskippers, teologen en filosofen.
Yn it kleaster binne noch muorreskilderingen en manuskripten út 'e midsiuwen te sjen. it kleaster hat boppedat in wichtige samling fan manuskripten út de 12e oant 17e iuw.
Wrâlderfgoed
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1994 waard it kleaster tegearre mei de Bragatikatedraal yn Kûtaisi ûnder deselde ynskriuwing troch UNESCO op 'e wrâlderfgoed set. Yn 2017 waard de katedraal yn 'e 41e sessy fan 'e Kommisje foar it Wrâlderfgoed skrast fan 'e list, om't de rekonstruksje fan 'e katedraal neffens UNESCO skealik wie foar de autentisiteit fan 'e katedraal. It Gelatikleaster bleau sadwaande ûnder de ynskriuwing allinnich op de list stean.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Untsliepeniskatedraal
- Sint-Joaristsjerke
- Sint-Nikolaastsjerke
- Klokketoer
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
