Springe nei ynhâld

Kleaster fan Dafni

Ut Wikipedy
Kleaster fan Dafni
Μονή Δαφνίου
   kleaster
Lokaasje
lânflagge fan Grikelân Grikelân
plakChaidari
koördinaten38°0' N 23°38' E
Kleastergegevens
denominaasjeTsjerke fan Grikelân
oprjochting6e iuw
statusmuseum
Ynformaasje bou
boujier11e iuw
monumintale statusUNESCO-wrâlderfgoed as ûnderdiel fan 'e kleasters fan Dafni, Hosios Loukas en Nea Moni
Kaart
Kleaster fan Dafni (Grikelân)
Kleaster fan Dafni

It kleaster fan Dafni (Gryksk: Μονή Δαφνίου) is in kleaster by Dafni op 'e helling fan 'e berch Egaleo yn 'e gemeente Chaidari, likernôch 11 km westlik fan it sintrum fan Atene. It kleaster waard boud op it plak fan in hillichdom fan Apollo. It is ien fan 'e meast wichtige Midden-Byzantynske monuminten en stiet sûnt 1990 mei twa oare kleasters út deselde tiid as de kleasters fan Dafni, Hosios Loukas en Nea Moni (Gios) op 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO. It kleaster rekke by de krêftige ierdskodding fan 1999 swier skansearre.

It kleaster waard mooglik yn 'e 6e iuw stifte. Dat barde op 'e ruïnes fan 'e timpel fan Apollo, dy't yn 395 troch Goaten ferneatige waard. De measte ûndersikers datearje de stifting fan it kleaster yn dy tiid. Yn 'e 5e en 6e iuw waarden in soad tsjerken yn Atene boud en in soad heidenske timpels waarden omset yn tsjerken nei't keizer Teodoasius I it kristendom as de offisjele religy fan 'e Byzantynske steat útrôp.

Guon fan 'e ionyske pylders fan 'e âlde timpel waarden op 'e nij brûkt. Hjoed-de-dei is dêr mar ien fan oerbleaun, wylst de rest troch Lord Elgin nei Londen brocht waarden. De basilyk út 'e 6e iuw is op it lêst ôfbrutsen en ferfongen troch de krúsfoarmige achthoekige tsjerke út 'e 11e iuw. It beheinde ûndersyk nei de lokaasje fan 'e 6e-iuwske basilyk hawwe oant no ta gjin resultaten oplevere.

Hjoeddeiske kleaster

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De bou fan it hjoeddeiske kleaster fûn nei alle gedachten om 1080 hine plak. Der krekte datum kin net fêststeld wurde om 't der gjin ynwijingsynskripsje is. De ynfloed fan Konstantinopel yn 'e arsjitektuer en mozaïken fan 'e katolikon hat ta de konklúzje laat dat de stifter in hege amtner of de keizer west hawwe moat, dy't it wurk troch ambachtslju út Konstantinopel útfiere liet.

Plattegrûn katolikon.

De katolikon fan it kleaster datearret út 'e lette 11e iuw en heart ta it arsjitektoanyske type fan 'e achthoekige krúsfoarmige tsjerke. Yn dat type wurdt de sintrale romte fan 'e haadtsjerke útwreide troch de fjouwer pylders dy't de koepel stypje te ferfangen troch acht pylders dy't tichter by de muorren set wurde koene. Yn 'e katolikon fan it kleaster binne mozaïken bewarre bleaun, de bêst bewarre út 'e 11e iuw

Nei't it kleaster yn 1205 troch de krúsfarders plondere wie, joech Otto de la Roche, hartoch fan Atene, it kleaster oan 'e Sistersjinzerske muontsen. De Frânske muontsen bouden de eksonarteks wer op en brochten oare feroarings oan. Hja bleaunen dêr oant hja yn 1458 ferdreaun waarden troch de Turken, dy't it kleaster wer oerdroegen oan otterdokse muontsen. De otterdokse muontsen werbouden dielen fan it kleaster, benammen de sellen, mar yn 'e 16e en 17e iuw wiene de oerfallen fan piraten en rôvers sa oerfloedich, dat in soad muontsen Dafni ferlieten en taflecht sochten yn tichteby lizzende kleasters. It hat der fan dat it kleaster foar in grut part yn 'e 19e iuw leech stie, mar boarnen binne krap.

Koepelmozayk.

Yn 'e tiid fan 'e Grykske opstân yn 1821 tsjin 'e Turken wisten Turken troch ferried fan in muonts it kleaster yn te kommen troch in ûndergrûnske passaazje ûnder de swiere ommuorring. De Turken ferlieten it kleaster wer nei't se in soad skea feroarsake hienen.

It kleaster waard yn 'e jierren 1883-1885 noch ferboud ta in psychiatrysk sikehûs. De feroaringen fan it kompleks soargen foar noch mear monumintaal ferfal en yn 1887 wie dat op syn slimst doe't it kleaster foar it hâlden fan skiep brûkt waard. Dat feroarsake in soad lilkens en dat brocht de autoriteiten, yn kombinaasje mei de skea fan 'e ierdskoddings fan 1886, 1889 en 1894, derta aksje te ûndernimmen om it kleaster te rêden en te behâlden.

Yn 1990 waard it Dafni-kleaster op 'e UNESCO Wrâlderfgoedlist set.

Mozayk ferhearliking op 'e Berch.

It kleaster fan Dafni is fral ien fan 'e wichtichste Byzantynske monuminten fanwegen de seldsum moaie mozaïken op 'e muorren fan 'e katolikon. In soad dêrfan ha de ierdskoddings en plonderingen oerlibbe. De archeologen ha mei help fan beskriuwingen fan reizgers it 11e-iuwske oansjen fan 'e dekoraasjes fan 'e katolikon wersteld.

De namme fan it kleaster soe ferwize nei de grutte hoemannichte laurierbeammen (δάφνη, daphnē) dy't dêr stien ha. De laurierbeammen dêr wienen faaks de reden dat dêr in Apollotimpel boud waard.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kleaster fan Dafni fan Wikimedia Commons.