Kleaster Schönau (Strüth)

Ut Wikipedy
Kleaster Schönau
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Lahn-Kreis
plak Strüth
adres Kloster Schönau 4, 56357 Strüth
koördinaten 50° 8' N 7° 53' E
Kleastergegevens
denominaasje Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Limburch
oprjochting 1126
oprjochter Rupert I fan Laurenburg
Webside
Webstee fan it kleaster
Kaart
Kleaster Schönau (Rynlân-Palts)
Kleaster Schönau

It Kloster Schönau (Kleaster Schönau) is in kleasterkompleks yn Strüth yn 'e Rhein-Lahn-Kreis, Dútslân. It kleaster falt ûnder it katolike bisdom Limburch.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it jier 1117 joech de oarspronklike stamhâlder fan it Hûs Nassau, greve Dudo fan Laurenburg, syn besit yn Lipporn oan it Alderheljenkleaster yn it Switserske Schaffhausen foar de stifting fan in proasdij. Dy skinking liede yn 1126 ta de stiifting fan in Benediktynsk dûbelkleaster troch syn soan, Rupert I fan Laurenburg. Tusken 1126 en 1145 ûntstie in romaansk kleasterkompleks mei in trijeskippige basilika. Tagelyk waard der njonken it kleaster foar muontsen ek in nonnekonvint stifte. Fan 1145 oant har dea yn 1164 wurke dêr de hillige Elisabeth fan Schönau. Har broer, Eckbert fan Schönau († 1184), foege him yn 1155 of 1156 by de muontsen fan it dûbelkleaster.

It gyng it dûbelkleaster goed en yn 1340 wie it ekonomysk sa machtich, dat it de stêd Frankfurt am Main mei wapens en weinen stypje koe. It tsjintwurdich noch besteande gotyske koer en in Elisabethkapel waarden yn de jierren 1420-1430 oan de noardlike kant fan it tsjerkeskip boud. De kapel waard lykwols nei in grutte brân yn 1723 net wer opboud.

Relykkast mei plasse fan Elisabeth fan Schönau

Yn de reformaasje waarden yn de jierren 1541 oant 1544 de omlizzende plakken Strüth, Welterod en Lipporn protestantsk, mar it kleaster Schönau bleau katolyk. Yn 1606 waard it nonnekleaster opheft, nei't der yn Schönau noch mar in pear nonnen ûnder aardich losse kleasterregels libben. Tusken 1631 en 1635 foelen Sweedske en Hessyske soldaten it kleaster oan en ferdreaune de muontsen. It kleaster waard plondere en it grêf fan de hillige Elisabeth skeind. De oerbliuwsels fan de hillige waarden ûnteare en allinnich de plasse koe noch rêden wurde. Op it rjochter sydalter fan de tsjerke wurdt dat lêste relyk fan Elisabeth yn in kastje bewarre.

De grutte brân fan 1723 ferneatige sawol de tsjerke as it kleaster. Allinnich it goatyske koer bleau bewarre. It tsjintwurdige kleasterkompleks is it risseltaat fan de weropbou nei de brân.

Nei 1800[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ramt fan de sekularisaasje yn 1802 en 1803 waarden it kleaster ûnteigene en de muontsenmienskip opheft. It kompleks kaam yn it besit fan de steat, dy't guon gebouwen oan partikulieren ferkocht. De parochy dy't oan it kleaster ferbûn wie, waard yndield by it lettere bisdom fan Limburch.

It kleaster kaam wer ta libben doe't yn 1904 susters fan de roomske kongregaasje Ancillae Domini Jesu Christi (de Earme Tsjinstfammen fan Jezus Kristus) nei it kompleks ferhûzen. Tusken 1947 en 1975 wennen der ek premonstatinzer bruorren fan de Teplá-abdij út Tsjechoslowakije, dy't dêr nei de Twadde Wrâldkriich ferdreaun wiene. De lêste susters ferlieten it kleaster yn 1986.

Sûnt wurde de gebouwen brûkt troch de lokale katolike parochy fan Sint-Florinus. Yn 1994 brocht de parochy der in bibleteek ûnder. Trije jier letter krige it bedriuwsgebou de bestimming fan in sintrum foar gearkomsten, in kompjûter-opliedingssintrum en in ynternet-kafee.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kloster Schönau (Strüth)