Springe nei ynhâld

Kleaster Mariengarden

Ut Wikipedy
Kleaster Mariengarden
   kleaster
De kleastertsjerke fan Mariengarden
De kleastertsjerke fan Mariengarden
Lokaasje
lân Dútslân
DielsteatNoardryn-Westfalen
RegierungsbezirkMünster
LandkreisBorken
plakBurlo
adresVennweg 6, 46325 Borken
Kleastergegevens
denominaasjeRoomsk-katolyk
bisdomBisdom Münster
oarderSistersjinzers, Wilhelmiten
kongregaasjeOblaten fan 'e Unbesmodge Jongfaam Marije
oprjochting1220 (earste oratoarium)
opheffing1803
weriepening1920
patroanhilligeMarije
Ynformaasje bou
hjoeddeiske funksjeskoalle, kleaster
boujiertsjerke 15e iuw
boustylGotyk / Barok
oare gegevensBekend fan 'e Konvinsje fan Burlo
Webside
gymnasium-mariengarden.de
Kaart
Kleaster Mariengarden (Noardryn-Westfalen)
Kleaster Mariengarden

It Kleaster Mariengarden is in roomsk-katolyk kleaster fan 'e Oblaten fan 'e Unbesmodzge Jongfaam Marije yn Burlo, in Ortsteil fan 'e Westfaalske stêd Borken (Noardryn-Westfalen). Om it kleaster te ûnderskieden fan it eardere kleaster "Kleinburlo", wurdt it ek wol oantsjut as "Kleaster Großburlo". De kleastertsjerke is wijd oan 'e hillige Jongfaam Marije.

Al yn it jier 1220 waard op it plak in oratoarium boud. Tusken 1242 en 1245 hearde it ta de besittings fan it sistersjinzer kleaster Marienborg yn Coesfeld. Yn 1245 fêstigen wilhelmiten út de Nederlannen harren yn Burlo. Under lieding fan paus Nikolaas V waard it kleaster yn 'e jierren 1447-1448 wer oerdroegen oan 'e sistersjinzers. De kleasterlingen hearden ta de Colligatio Galiaensis, in streaming dy't de oarderregels tige strang neilibbe. De namme "Mariengarden" dûkt foar it earst yn 1398 yn 'e dokuminten op.

It kleaster hat troch de iuwen hinne in soad te lijen hân fan oarlochsgeweld. Yn 'e Tachtichjierrige Kriich waard it tusken 1585 en 1589 ferskate kearen plondere, en ek yn 'e Tritichjierrige Kriich folgen fernielings. Yn 1803 waard it kleaster opheft as gefolch fan it Reichsdeputationshauptschluss. De grûn en de gebouwen kamen yn it besit fan 'e foarsten fan Salm-Salm en Salm-Kyrburg. Pas yn 1920 waard de monastike tradysje wer oppakt doe't de Oblaten harren dêr fêstigen.

Konvinsje fan Burlo

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In wichtich histoarysk barren fûn plak op 19 oktober 1765: de ûndertekening fan 'e Konvinsje fan Burlo. Dit ferdrach regele it ferrin fan 'e grins tusken de Nederlânske provinsje Gelderlân en it Prinsbisdom Múnster, in grins dy't oant dy tiid ta striideraasjes late. Hjoed-de-dei rint it saneamde "Kommizepaad" (Kommiesenpatt) by dizze histoaryske grins lâns nei it kleaster ta.

Heechalter kleastertsjerke.

De hjoeddeiske tsjerke ferfong om it jier 1300 hinne it earste oratoarium. Yn 'e 15e iuw waard de tsjerke fergrutte, wat it gebou syn hjoeddeiske foarm joech. Nei de fernielings yn de Tritichjierrige Kriich waard de tsjerke yn 1682 op 'e nij wijd.

De kleastergebouwen sels stamme foar in grut part út de lette 17e en iere 18e iuw:

  • East- en noardfleugel: boud yn 'e lette 17e iuw.
  • Westfleugel: boud yn 1718-1719.
  • Grêfkelder en sakristy: de grêfkelder oan 'e súdkant fan 'e tsjerke is fan 1752; dêrboppe waard letter in nije sakristy boud.
  • In part fan 'e eastfleugel waard yn 1823 sloopt, nei de earste opheffing fan it kleaster.

Hjoeddeiske funksje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt de komst fan 'e Oblaten yn 'e 20e iuw hat it kleaster in wichtige ûnderwiisfunksje. De kongregaasje jout hjoed-de-dei lieding oan it Gymnasium Mariengarden, in partikuliere skoalle dy't yn 'e kleastergebouwen fêstige is.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Abtei Marienmünster