Klaverjasse (kaartspul)
Klaverjasse is in kaartspul wat spile wurdt troch twa pear spilers, dêr't de spilers fan elts pear tsjinelkoar-oer sitte. It spul wurdt spile mei in piketspul, dêr't in slachspul mei spile wurdt: De tsien komt daalks nei it Aas. Utsûndere is dat de Jas heech is mei dêrûnder daalks de Nel.
De earste spiler mei sizze dat er spilet, en mei hokfoar troefkeur, of dy spiler mei passe. Soe in spiler passe, dan hat de folgende spiler deselde kar. As eltsenien past, dat de earste spiler komt wer oan bar, dan mòàt er spylje, allinnich kin er sels noch neame wat de troefkleur wêze sil.
Nei in pot, dielt de folgende spiler, en dat in kear foar alle spilers. Gâns in partij is dat alle spilers fjouresom dield hawwe.
Score
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doel fan in pot is om mear as de helte fan de fêste punten yn it spul te heljen:
- Jas - 20
- Nel - 14
- Aas (11; 4-ris) - 44
- Tsien (10; 4-ris) - 40
- Hear (4: 4-ris) - 16
- Frou (3: 4-ris) - 12
- Boer (2: 3-ris) - 6
- Lêste slach: 10.
Byelkoar jout dat 162 punten. (De 7, 8 en de 9 binne gjin punten wurdich, útsein de Nel.)
Rom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fierders kin der roem wêze: Rom wurdt skoard op tafel: Yn in slach mei troefhear en troeffrou, in stik, jout 20 punten; in trijekaart jout 30 punten, en in fjouwerkaart 50 punten. Dy rom wurdt by de skoare opteld om út te meitsjen oft de spilers it helle hawwe of wiet gien binne. Bygelyks, in pot dêr't de spilers 71 punten yn helle hawwe, dat de tsjinpartij 91, dan soe it pot net helle wêze, mar at der in slach trijekaart stik omfieme is, koe dat noch 30+20 punten mear oplevere, wat it totaal op 121 bringt; maklik genôch om it pot te heljen.
Risseltaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]At it pot slagget foar de spilers, dan krije hja de puntenn dy't hja helle hawwwe, en harren tsjinstanners de punten dy't dy helle hawwe. Oarsom, at de silers wiet gongen binne, krije hja gjin punten, en de oare partij krijt alle punten, dêr't ek noch rom by sitte kin.
Soe is ien fan beide partijen alle punten helle hawwe, in mars, dan krije hja 100 punten ekstra.
Farianten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ferzje hjirboppe jout ìèn ferzje fan de regels oan: de Amsterdamske regels. Der binne lykwols in pear farianten fan it spul, dat it spul kin ek spile wurde neffens Rotterdamske regels, of Utertske regels.