Klarissenkleaster (Megen)
| Klarissenkleaster fan Megen | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| provinsje | ||
| plak | ||
| adres | Klarastrjitte 2 | |
| koördinaten | 51°49' N 5°33' E | |
| Kleastergegevens | ||
| denominaasje | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| oarder | Klarissen | |
| Webside | ||
| www.clarissenmegen.nl | ||
| Kaart | ||
It klarissenkleaster Sint-Josephsberg yn it Noard-Brabânske Megen is it âldste noch besteande klarissenkleaster yn Nederlân. De susters hearre ta de Federaasje fan 'e hillige Klara, lykas ek dy yn Nijmegen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster waard yn 1721 ynwijd, nei't de klarissen fan Elisabethsdal yn Boxtel troch de oerheid ferballe waarden út de Meierij fan 'e Bosk. Megen hie in aparte status yn 'e Republyk fan 'e Feriene Nederlannen en dêr bestie godstsjinstfrijheid. It kleaster waard boud op it plak dêr't yn 1720 noch de ruïne fan it kastiel fan 'e greven fan Megen stie. De susters krige stipe fan 'e klarissen yn Hoogstraten.
Yn 1727 naam de Republyk de ynkomsten fan it kleaster yn beslach en dêrom moasten de suster nije boarnen fan ynkomsten fine, lykas de fabrikaazje fan sâlt en balsem en sûnt 1766 in hostybakkerij.
De susters waarden yn 1798 troch de Frânsen ferdreaun, mar nei't it greefskip yn 1800 oan 'e Bataafske Republyk ferkocht waard, mocht it wer as kleaster funksjonearje. Yn 1810 waard Megen lykwols troch Napoleon ynnommen en yn 1812 waard opdracht jûn om de kleasters op te heffen.
Under it bewâld fan kening Willem I mocht it kleaster nei 1814 gjin novisen oannimme. Dochs waarden yn it geheim 15 nije aspirant-susters oannommen. Under kening Willem II kaam yn 1840 in ein oan 'e ûnderdrukking fan kleasters. Yn 1876 waard it kastiel Ammersoyen te Ammerzoden kocht, dêr't ek in klarissenkleaster stifte waard. Yn 1896 koene de klarissen harren kleaster yn Megen, dat offisjeel noch eigendom fan 'e Steat wie, werom keapje en dêrnei folge de bou fan in nije kleasterkapel, dy't yn 1898 ynwijd waard.
Yn 1934 waard fanút Megen en Ammerzoden in kleaster stifte op Java yn Yndoneezje. Dat kleaster stie yn Cikurug en ferhûze nei de Japanske besetting nei Pacet, dêr't it ek hjoed-de-dei noch stiet.
De susters út Ammerzoden kamen yn 1945 troch de gefolgen fan 'e skea yn 'e Twadde Wrâldkriich yn Hoogcruts telâne en in oantal fan har ha noch oant 1957 yn Kerkrade wenne. De susters fan Hoogcruts stiften yn 1951 in kleaster yn Hengelo. Hja stiften yn 1960 yn Nieuwe Niedorp in kleaster, dat oant 1989 bestie. De susters dy't efterbleaune ferhûzen yn 1970 nei Silvolde, dêr't it kleaster yn 1981 opheft waard. It grutste part fan 'e susters ferhûzen doe mei in pear út Megen en Nieuwe Niedorp nei Nijmegen, dêr't se it klarissenkleaster De Bron stiften.
Undertusken namen in oantal susters út Megen yn 1987 it inisjatyf ta it stiftsjen fan it rêsthûs Het Witven yn Someren. Dêr binne lang om let in soad klarissen ek út oare kleasters telâne kommen.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Klarissenkleaster, Megen fan Wikimedia Commons. |