Springe nei ynhâld

Klap fan Culemborg

Ut Wikipedy
Klap fan Culemborg
bysûnderheden
type rampfjoerwurkramp
oarsaakUntploffing fan in fjoerwurkopslach
datum14 febrewaris 1991
tiid11:50
lân Nederlân
Provinsje Gelderlân
GemeenteFlagge fan Culemborg Culemborg
plakFlagge fan Culemborg Culemborg
statistiken
deaden2
ferwûnen20 oant 30
skea4 miljoen gûne
lokaasje
Klap fan Culemborg (Gelderlân)
Klap fan Culemborg
Lokaasje fan MS Vuurwerk BV

De Klap fan Culemborg ek de fjoerwurkramp fan Culemborg[1] neamd, hie plak op tongersdei 14 febrewaris 1991 yn de gemeente mei deselde namme, op de grins mei de doetiidske gemeente Fianen.

In opslachromte mei fjoerwurk fan it bedriuw MS Vuurwerk BV rekke yn 'e brân en ûntplofte. Der foelen 2 deaden, 20 oant 30 ferwûnen en de eksploazjes feroarsaken grutte skea yn 'e omkriten.

Hoewol't de direkte oarsaak fan de eksploazje nea fêststeld is, hawwe wittenskippers fan it ûndersyksynstitút TNO wol bykommende faktoaren fûn dy't derta laat hawwe dat sa'n ûnferwachts krêftige ûntploffing mei grutte skea ûntstean koe.

De oanbefellingen fan it TNO foar strangere feilichheidsmaatregels oangeande de produksje en opslach fan fjoerwurk binne lykwols, troch in betiizjende, fersnippere ferantwurdlikheid foar regulearring fan fjoerwurk by ferskate oerheidsynstânsjes en in tekoart oan urginsje en net trochpakken by de oanbelangjende amtners, net ta útfiering kommen. Hjirtroch koe 9 jier letter de folle gruttere Fjoerwurkramp fan Ynskedee (13 maaie 2000) net foarkaam wurde.

It fabryk fan MS Vuurwerk BV stie 50 meter ôf fan de eastkant fan de Diefdijk, ien fan noard nei súd rinnende dyk dy't de gemeentegrins en provinsjegrins foarmet tusken de gemeente Culemborg (provinsje Gelderlân) yn it easten en de gemeente Fianen (doetiids provinsje Súd-Hollân) yn it westen.

It bedriuw siet yn twa gebouwen: it earste befette in bunker datearjende út de Twadde Wrâldkriich (dy bleau yntakt yn de ramp), in kantoar, in assemblaazjehal fan 25 by 16 meter en 5 lytse opslachromten.

It twadde gebou, 20 meter nei it easten, waard foltôge yn 1990 en wie amper in pear moanne yn gebrûk doe't de klap him foardie. It bestie út in assemblaazjehal fan 20 by 12 meter, fjouwer opslachromtes (nûmer 6, 7, 8 en 9) en twa wurkromten.

De muorren fan de opslachromtes ('opslachbunkers'neamd) wiene makke fan blokken ûnbewapene beton fan 20 sintimeter, wylst it plafond bestie út betonnen platen. De binnenmuorre fan de spoumuorren wiene ek betonnen blokken, wylst de bûtenmuorre mitselwurk wie. De assemblaazjehal wie gearstald út stielen fakwurk bedutsen mei asbestplaten.

Eksploazjes en brannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 14 febrewaris 1991 om likernôch 11:50 oere barde der in krêftige eksploazje yn in bygebou fan MS Vuurwerk. Nei alle gedachten wiene it yn feite twa grutte eksploazjes, wêrby't de twadde folle krêftiger wie as de earste en der binnen 20 sekonden op folge dy't in protte skea oanrjochte yn de omjouwing. De klap wie sa krêftich dat auto's dy't op de 100 meter fierderop lizzende A2 rieden hast fan de dyk slingere waarden. Oant let yn de middei ûntbrânde der noch fjoerwurk, mei nije lytsere eksploazjes ta gefolch. Op it stuit fan de klap wiene der sân wurknimmers fan it fabryk oanwêzich. Fan har wisten fiif te ûntkommen.

De brânwacht wie gau te plak en sette de omjouwing ôf, mar gjinien wist watfoar materiaal der allegearre opslein lei en hoe grut it risiko wie op in nije grutte eksploazje. Benammen yn de noch yntakte bunker lei in soad ûnûntploft fjoerwurk opslein. De Eksplosiven Oprommingstsjinst Definsje (EOD) waard ynskeakele om de lokaasje te ferkennen en oan de oare kant fêst te stellen oft it foar de brânwacht feilich genôch wie om it fjoer te tichterby te kommen. Uteinlik moasten brânwachtminsken oant it begjin fan de jûn wachtsje foardat sy mei it blussen begjinne mochten.

Opromjen en weropbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It leger waard ynset om te helpen de brokstikken fan de eksploazje op te romjen. Yn de earste trije dagen fan de operaasje hiene de militêren al 22 ton pún sammele yn de omlizzende greiden. Omwenners sieten in oantal jierren út need yn ymprovisearre huzen.

De eigener fan it fabryk hat noch in oantal jierren fêsthâlden oan plannen om syn fjoerwurkfabryk te werbouwen. Omdat nea fêststeld is dat MS Vuurwerk flaters makke hie, koe de gemeente syn plannen net keare doe't er op itselde plak syn fabryk werbouwe woe. Dochs seach de eigener der úteinlik fan ôf. Anno 2025 is it terrein fan it ûntplofte fabryk, net feroare mar oerwoekere sûnt begjin jierren 1990. Der binne gjin nije plannen foar it terrein.

Undersyk en konsekwinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarsaak fan de eksploazjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn april 1991 publisearre it TNO in rapport oer de Culemborgse fjoerwurkramp, yn opdracht fan Definsje. TNO konkludearre dat betreklik ljocht fjoerwurk yn grutte hoemannichten in ûnferwacht krêftige eksploazje feroarsake hie omdat it net mear yn de ferpakking siet. Ek wie it fjoerwurk ferkeard klassifisearre as klasse 1.1. De direkte oarsaak is úteinlik nea fêststeld, mar saakkundigen hâlde it derop dat in fonk troch statyske elektrisiteit nei alle gedachten laat hat ta brân. Sadree't der ien kear fjoer wie, kaam it ta in ferwoestjende kettingreaksje.

TNO konkludearre dat der nei alle gedachten twa grutte eksploazjes west hiene, de earste yn opslachromte 6, fluch folge troch de twadde yn opslachromten 7, 8 en 9. Dat waard ôflaat út de feiten dat twa kraters fûn waarden, wêrby't betonnen platen fan de romten 7, 8 en 9 oer de krater ûnder romte 6 skood wiene, en de patroanen dy't de skuorde betonnen flierren foar de fjouwer opslachromtes fertoanden. In oar feit is dat de measten, mar net alle tsjûgen ferklearren dat se binnen 20 sekonden nei-inoar twa eksploazjes heard hiene en de twadde folle krêftiger wie.

Yn april 1993 wie der noch altyd gjin direkte oarsaak fan de eksploazje ûntdutsen en dêrmei bleau ûndúdlik wa't de ferantwurdlikheid derfoar droech. Uteinlik hawwe alle belutsen partijen nei in protte geharrewar in kompromis sletten oangeande de skeafergoeding.

Hoemannichte krûd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Omwenners wie foarhâlden dat der mar 50 kilo krûd yn it fabryk opslein lei, mar it like yn earste ynstânsje folle mear te wêzen. Hoefolle en watfoar soarte eksplosive stoffen en produkten der krekt opslein leine, yn de tiid fan de ramp, is lykwols nea opheldere. Anno 2001 wie de konsensus fan eksperts, ynklusyf it Iepenbier Ministearje yn Utrecht, ûndersyksynstitút TNO, kontroleurs en kollega's út de fjoerwurkbrânsj dat der yn febrewaris 1991 nei alle gedachten net mear as de tastiene 200 kilo buskruit oanwêzich wie.

De konklúzje fan TNO wie dan ek dat fjoerwurk by de montaazje en bewurking faak gâns mear eksplosive krêft krijt. Om't it fjoerwurk ek ferkeard klassifisearre wie, lei der yn it fabryk folle swierder fjoerwurk opslein as de fergunning tastie.

Oanbefellingen TNO

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It TNO-rapport fan april 1991 die oanbefellings oan de fjouwer belutsen ministearjes om de feilichheid te ferbetterjen. Dizze holden ûnder mear yn:

  • It folle fierder fan bebouwing opslaan fan fjoerwurk as oant dan ta gebrûklik wie.
  • It sân kear testen fan grut fjoerwurk op gefareklasse fan fabricage ôf fia transport, bewurking, assemblaazje, opslach, opnij transport en gebrûk. `wis wannear't it fjoerwurk net mear yn de ferpakking opslein wurdt en der modifikaasjes oan it fjoerwurk plakfûn hawwe.`
  • It sterkste ôfrieden om de gefareklasse dy't jildt by transport ek by folgjende fazen te brûken, Sadree't it fjoerwurk út de ferpakking helle en bewurke wurdt, moat it op 'e nij klassifisearre wurde.

Op 13 maaie 2000 late in soartgelikense mar folle grutskaliger fjoerwurkramp yn Enschede by it fabryk S.E. Fireworks oant 23 deaden, 950 ferwûnen en de ferwoasting fan de hiele wenwyk Roombeek. Dêrop waard hast unanym konkludearre dat dizze foarkommen of better behearske wurde kinnen hie as de lessen fan de Culemborgse klap omset wiene yn strangere feilichheidsmaatregels. It die bliken dat der net folle oant neat mei de oanbefellings fan TNO dien wie, om't de ministearjes en ynspeksjetsjinsten 'ferkeard of alhiel net mei-inoar kommunisearre hawwe'.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Pas nei de Fjoerwurkramp fan Ynskedee is de namme fjoerwurkramp fan Culemborg yn gebrûk
  • Wikipedy:NL