Klaas van Leeuwen
Klaas van Leeuwen | ||
![]() | ||
![]() | ||
Selsportret (± 1907) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 1867 | |
berteplak | Harns | |
stoarn | 1935 | |
stjerplak | Bennebroek | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Skilder, tekener, grafikus, meubel- en ynterieurûntwerper | |
jierren aktyf | 1882-1935 | |
offisjele webside | ||
RKD-profyl |
Klaas van Leeuwen (Harns, 12 oktober 1867 – Bennebroek, 10 augustus 1935) wie in Nederlânske skilder, tekener, grafikus, meubel- en ynterieurûntwerper fan Frysk komôf.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Leeuwen wie in soan fan treinkondukteur Engelbert van Leeuwen en Neeltje Beima. Se ferhuzen al gau nei Ljouwert. Nei't syn heit yn 1870 ferstoar, begûn mem dêr in pensjon. Yn 1884 ferhuze de húshâlding nei Amsterdam. Hy besocht dêr de Rijksnormaalsschool voor Teekenonderwijzers en folge tagelyk praktyklessen oan de Quellinusskoalle (1884-1888). Yn 1886 helle er de lo-akte en joech er les oan in legere skoalle yn Amsterdam. Hy ferfolge syn oplieding oan de Ryksakademy fan byldzjende keunsten (1888-1892), dêr't er les krige fan August Allebé, Nicolaas van der Waay en Barend Wijnveld. Yn 1889 helle er ek de mo-akte. De takenning fan de Keninklike Subsydzje foar Frije Skilderkeunst (1892, 1893) stelde him yn steat om nei Parys te gean. [1] Hy hold dêr fjouwer jier ta en studearre oan de École des beaux-arts en de Académie Colarossi. Ut Frankryk wei die er yn 1895 mei oan in tentoanstelling fan 'Levende Meesters' yn Amsterdam.
Yn 1897 waard Van Leeuwen beneamd ta tekenlearaar oan de Industrieschool fan de [ Maatschappij voor den Werkende Stand ] yn Amsterdam. In jier letter troude er mei anda Wilhelmina Petronelle Emilia Vaarzon Morel (1875-1955). Ut dit houlik waard ûnder oaren Nans van Leeuwen berne. Fia syn frou waard er sweager fan syn âld-stúdzjegenoaten, de skilders Willem Vaarzon Morel en Pieter Dupont. Yn 1898 ûntwurp er foar syn mem in wenhûs mei pensjon yn Loenen. In jier letter waard er lid fan Architectura et Amicitia en waard er learaar ornamintekenjen ferbûn oan de School voor Bouwkunde, Versierende Kunsten en Kunstambachten (1899-1904) yn Haarlim Troch syn niget yn teosofy kaam er yn 'e kunde mei Karel de Bazel en Mathieu Lauweriks en hy joech him les oan de troch harren oprjochte Vahânaskoalle
Meubelûntwerper
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 1900 hinne soed er him rjochtsje op it ûntwerpen fan meubels, it skilderjen kaam op in leger pitsje te stean. Yn 1903 wûn er op in tentoanstelling yn Arnhem in sulveren medalje foar in ytkeamerynrjochting. Fan 1904 ôf wurke er in skoft op mei't Binnenhuis, mar noch datselde jier rjochte hy mei De Bazel en Kees Oosschot it meubelatelier De Ploeg op. [2] Yn 1906 krige er in grutte opdracht foar de folsleine ynrjochting fan it wenhûs fan dr. Meurer yn Amsterdam, omdat fierdere grutte opdrachten útbleaunen en er in oare artistike ynslach bliek te hawwen as syn kollega's stapte er út De Ploeg.
Yn 1904 wie Van Leeuwen neist Jac. van den Bosch, Herman Hana, Willem Penaat en Antoon Molkenboer ien fan de oprjochters fan de Nederlandsche Vereeniging voor Ambachts- en Nijverheidskunst (VANK). Hy waard earste foarsitter, mar stelde him nei in konflikt mei Penaat yn 1906 net mear op'e nij kiesber as bestjoerslid. Hy waard yn 1908 learaar oan de skoalle fan de krekt oprjochte Vereeniging van Voortgezet en Hooger Bouwkunst-Onderricht, in ûnderôfdieling fan Arti et Amicitae. Yn 1909 die er noch mei in ytkamerameublemint mei oan in tentoanstelling by de Pulchri Studio mar dêrnei liet er de meubels achter him. Hy publisearre yn dy perioade twa boekwurken: Het letterboek voor den Teekenaar en Ambachtsman (1907), mei letterûntwerpen fan himsels en oaren, en Werkstukken voor den meubelmaker (1910).
Skilder en tekener
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Leeuwen pakte de kwast wer op. Hy sleat him oan by Arti et Amicitiae en die mei oan eksposysjes fan Arti en Sint Lucas. Hy skildere lânskippen en portretten, ûnder oare fan syn dochters en fan âld-learling Ita Mees. Hy ûntfong de Willink van Collenpriis (1911) foar syn skilderij De Tafel en in sulveren medalje (1913) foar it skilderij De Huisnaaister (1913). [3] Yn 1923 waard er learaar tekenjen oan it "Rijksinstituut tot Opleiding van Teekenleraren" ûnder Huib Luns. Nei in harsenblieding yn 1928 moast er syn wurk en it skilderjen opjaan. Troch in oantal freonen waard twa jier letter in aksje opset om "De Huisnaaister" fan him oan te keapjen en oan te bieden oan it Stedelijk Museum Amsterdam. [4]
Van Leeuwen hat oan de ferskate skoallen dêr't hy les joech in grut tal learlingen hân, hy hie in goede reputaasje. Leo Braat skreau yn 1942: Hij [Gijs Jacobs van den Hof] werkte overdag bij een patroon en gedurende drie jaren was hij leerling aan de avondschool waar Klaas van Leeuwen les gaf. Hoe vaak hoorden wij niet verhalen over deze welhaast legendarische figuur, den uitzonderlijk strengen voortreffelijken leeraar Klaas van Leeuwen? Vooral het meedoogenlooze gipsteekenen soms drie, vier maanden aan één gipsbeeld werd voor menig beeldhouwer en schilder een waardevolle basis om op voort te bouwen. [5]
Fanwegen minder wurdene sûnens ferhuze Van Leeuwen nei in ferpleechhûs yn Bennebroek. Hy ferstoar dêr yn 1935, 67 jier âld. It jier dêrnei waard by Arti et Amicitiae in betinkingstetoanstelling hâlden. [6] Yn 1988 waard yn it Drintsk Museum in oersichtstentoanstelling fan syn wurk hâlden en ferskynde in monografy. [7]
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Affysje lustrumtentoanstelling Architectura et Amicitia (1905)
-
Letterboek voor den Teekenaar
-
Portret fan Ita Mees (1913), kolleksje Drintsk Museum.
-
De huisnaaister (1913), kolleksje Stedelijk Museum Amsterdam.
-
Kop fan in geit (1915), kolleksje Stedsargyf Amsterdam. De tekening is ûnderdiel fan in album dat oan Artis-direkteur Koenraad Kerbert oanbean waard by syn sulveren jubileum.
Learlingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1907: Het letterboek voor den Teekenaar en Ambachtsman. Bennekom: G. Schreuders.
- 1910: Werkstukken voor den meubelmaker.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]![]() |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Klaas van Leeuwen fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|