Springe nei ynhâld

Klaas de Jager

Ut Wikipedy
Klaas de Jager
keatser
persoanlike bysûnderheden
echte nammeKlaas de Jager
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum16 april 1901
berteplakWattenscheid flagge fan Dútslân
stjerdatum26 jannewaris 1988
stjerplakHarns
etnisiteit Frysk
sportive ynfo
sportkeatsen
funksjeEfterynse
PC1923,
1924,
1931,
1934
debút1920
karriêre-ein1940
ekstra1× PC kening (1924)

Klaas de Jager (Wattenscheid Dútslân, 16 april 1901 - Ljouwert, 26 jannewaris 1988) wie in Frysk keatser en fjouwerfâldich PC-winner.

Klaas de Jager waard yn 1901 berne yn it Dútske Wattenscheid, mar in healjier letter nei syn berte ferhuze de húshâlding werom nei Harns. De Jager helle 363 punten foar it ivich keatsklassemint. Syn plak yn it partoer wie efteryn it perk en op de boppeline. It opslaan wie oan him net bestege en dêrom waard er ek komselden ta kening fan in partij útroppen.

Yn 1923 wûn er mei Michiel Miedema fan Frjentsjer en Ids Roukema fan Harns foar de earste kear de PC. It jier derop wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Hans Knol en Ids Roukema. Klaas de Jager waard ta kening útroppen. It soe dêrnei sân jier duorje foar't er yn 1931 foar de tredde kear de PC winne soe; dizze kear wiene Taede Zijlstra fan Wytmarsum en Pieter Helfrich syn maten. Trije jier letter wûn er foar de fjirde en lêste kear de PC, no mei Marten van der Hem fan Raerd en Harmen Bogaard.

Syn ôfskied kaam yn 1940 doe't er noch in twadde priis wûn yn syn eigen stêd.
Klaas de Jager ferstoar op 26 jannewaris 1988 yn de âldens fan 86 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: