Klaas Wiebrens Kooistra
| Klaas Wiebrens Kooistra | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Klaas Wiebrens Kooistra | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 24 april 1903 | |
| berteplak | Dokkum | |
| stjerdatum | 1 augustus 1955 | |
| stjerplak | Dokkum | |
| etnisiteit | ||
| sportive ynfo | ||
| sport | keatsen | |
| PC | 1928, 1930 | |
| debút | 1920 | |
| karriêre-ein | 1930 | |
| ekstra | 1× PC kening (1928) Klaverke Fjouwer Freule 1919 Bûnspartij 1921 Jong Nederlân 1920 PC 1928 | |
Klaas Wiebrens Kooistra (Dokkum, 24 april 1903 - dêre, 1 augustus 1955) wie in Frysk keatser en winner fan it klaverke Fjouwer.
Kooistra helle 251 punten foar it ivich keatsklassemint. Doe't er sechstjin jier âld wie wûn Klaas foar de keatsferiening Oostergo út Dokkum de Freulepartij yn Wommels en mocht it tradisjonele gouden horloazje yn ûntfangst nimme. In jier letter, yn 1920, wûn er de Jong Nederlânpartij. En as klap op de fjoerpylk wer in jier letter de Bûnspartij foar Senioaren.
Yn 1928 wûn er mei Ids Roukema fan Wommels en Dirk de Jong fan Wier foar de earste kear de PC. Klaas Wiebrens Kooistra waard ta kening útroppen. Twa jier letter wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Reinder Klaas Terpstra fan Bitgum en Nanning Koopmans fan Ljouwert.
Yn 1932 krige Kooistra skouderklachten en wie it feitlik dien mei syn optreden op it heechste nivo.
Yn de Twadde Wrâldkriich rekken Kooistra en syn heit slim ferwûne. Op in dei kamen de Dútske besetters Dokkum ynriden. By de brêgewipperswenning stie Kooistra mei meardere ynwenners te praten. Ynienen iepenen de soldaten it fjoer. Twa persoanen wiene op slach dea en Kooistra krige in skot troch de long. In ferwûning dêr't er nea wer folslein fan werstelle soe, ek syn heit werstelde net folslein.
Klaas Wiebrens Kooistra ferstoar op 1 augustus 1955 yn de âldens fan 52 jier, oan problemen mei syn longen.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1919 - Freule 1e priis
- 1919 - Jong Nederlân 3e priis
- 1920 - Jong Nederlân 1e priis
- 1921 - Jong Nederlân 3e priis
- 1921 - de Bond 1e priis
- 1921 - PC 3e priis
- 1924 - de Bond 1e priis
- 1926 - de Bond 5e priis
- 1927 - de Bond 1e priis
- 1928 - de Bond 2e priis
- 1928 - PC 1e priis
- 1929 - de Bond 1e priis
- 1929 - PC 3e priis
- 1930 - de Bond 4e priis
- 1930 - PC 1e priis
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|