Kjifstikelbaarchdieren

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kjifstikelbaarchdier)
Kjifstikelbaarchdieren
In kapibara (Hydrochoerus hydrochaeris), it grutste kjifdier fan 'e wrâld.
In kapibara (Hydrochoerus hydrochaeris), it grutste kjifdier fan 'e wrâld.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha)
tuskenskift: kjifstikelbaarchdieren (Hystricognathi)
Tullberg, 1899

De kjifstikelbaarchdieren (wittenskiplike namme: Hystricognathi) foarmje in tuskenskift fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en it ûnderskift fan 'e kjifstikelbaarcheftigen (Hystricomorpha). Ta dizze taksonomyske groep hearre û.m. soarten as de kavia, de tsjintsjilla, de gewoane kjifstikelbaarch, de oerzon (of Noardamerikaanske beamkjifstikelbaarch), de as eksoat ek yn Nederlân foarkommende beverrôt, en de kapibara, it grutste kjifdier fan 'e wrâld.

Skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kjifstikelbaarchdieren ûnderskiede har fan oare kjifdieren troch in justjes ôfwikende bonkestruktuer fan 'e plasse en in dêrmei gearhingjende ôfwikende bou fan 'e kaak- en sliepspieren. In sustergroep, de kaamfingers (Ctenodactylomorphi) dielt guon mar net al dizze skaaimerken mei de kjifstikelbaarchdieren; dêrom wurdt dy groep yn in apart tuskenskift binnen de kjifstikelbaarcheftigen pleatst.

Kjifstikelbaarchdieren binne oer it algemien stevich boude, grûnbewenjende kjifdieren, mei in grutte kop, slanke poaten en in koarte sturt. Se komme benammen foar yn Latynsk-Amearika en Afrika, mei guon soarten yn Aazje, Noard-Amearika en Súd-Jeropa. Benammen yn Súd-Amearika hat dizze taksonomyske groep him ta in grutte diversiteit witten te ûntwikkeljen, en dêrby hawwe guon kjifstikelbaarchdieresoarten dêre de ekologyske nys ynnommen dy't frijkommen wie troch it útstjerren fan 'e Súdamerikaanske hoefdieren (Meridiungulata).

Yn Laos is frij resint noch in nije kjifdiersoarte ûntdutsen, de Laotiaanske rotsrôt, dy't ta de lang as útstoarn beskôge famylje fan 'e Diatomyidae bliek te hearren. Dit bist waard earst as in kjifstikelbaarchdier beskôge, mar neier ûndersyk hat útwiisd dat er dat dochs net wie, al is er wol nau mei de kjifstikelbaarchdieren besibbe.

Underferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kjifstikelbaarchdieren falle útinoar yn twa lytsskiften: de Afrikaanske kjifstikelbaarchdieren (Phiomorpha), út Afrika en omkriten, en de kjifstikelbaarchdieren fan de Nije Wrâld (Caviomorpha), út 'e Amearika's. De famylje kjifstikelbargen fan de Alde Wrâld (Hystricidae), dy't foarkomt yn Afrika, Aazje en Súd-Jeropa, nimt in tuskenposysje tusken dy beide grutte groepen yn.

Klassifikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.