Springe nei ynhâld

Kitfoks

Ut Wikipedy
kitfoks
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassesûchdieren (Mammalia)
skiftrôfdieren (Carnivora)
famyljehûneftigen (Canidae)
skaaifoksen (Vulpes)
soarte
Vulpes velox
Say, 1823
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     hjoeddeistich ferspriedingsgebiet
     histoarysk ferspriedingsgebiet
Net te betiizjen mei de grutearkitfoks, dy't yn it Ingelsk de kit fox neamd wurdt.

De kitfoks (wittenskiplike namme: Vulpes velox) is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae) en it skaai fan 'e foksen (Vulpes). Dit bist is endemysk op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. It is in lytse foks like grut as in hûskat, dy't nau besibbe is oan 'e mear nei it súdwesten ta libjende grutearkitfoks (Vulpes macrotis). De kitfoks is yn haadsaak in nachtdier, dat der in omnivoar dieet op neihâldt. Yn 'e 1930-er jierren wie dit bist hàst útstoarn. Tsjintwurdich is de populaasje stabyl en klassifisearret de IUCN de kitfoks as net bedrige.

De kitfoks waard yn 1823 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Amerikaanske soölooch Thomas Say. It soartespesifike diel fan 'e wittenskiplike namme, velox, is Latyn foar "fluch". De namme betsjut dus eins "flugge foks". De namme "kitfoks" komt út it Ingelsk, al hjit dit bist yn dy taal swift fox ("flugge foks"), en is de namme kit fox reservearre foar de besibbe grutearkitfoks (Vulpes macrotis). De oantsjutting komt fan it wurd kit, de Ingelske term foar in foksejong. Nei't men oannimme mei is it in ferwizing nei de behindige grutte fan 'e kitfoks.

In kitfoks yn it Colorado Wolf and Wildlife Rescue Center yn Divide.

It bist waard troch Say yndield by it skaai fan 'e foksen (Vulpes). De kitfoks is nau besibbe oan it iennichste oare lid fan dat skaai dat yn syn fersprieding beheind is ta Noard-Amearika, te witten de grutearkitfoks, dy't mear nei it súdwesten ta foarkomt. Yn kontreien dêr't it ferspriedingsgebiet fan 'e kitfoks mei dat fan 'e grutearkitfoks oerlapet, yn West-Teksas en it easten fan Nij-Meksiko, fine natuerlike krusings tusken de beide soarten plak, mar dy hybridisearring is mar hiel beheind yn skaal.

De kitfoks is in bewenner fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika en oangrinzgjende dielen fan 'e Rocky Mountains. Syn oarspronklike ferspriedingsgebiet besloech rûchwei it hiele grûngebiet fan 'e Amerikaanske steaten Noard-Dakota, Súd-Dakota, Nebraska, Kansas en Wyoming, mei dêropta it eastlike twatrêdepart fan Montana, de eastlike helte fan Colorado, de noardlike helte fan Oklahoma, de noardeastlike grinskrite fan Nij-Meksiko, de westlike grinsrâne fan Minnesota, de Teksaanske Panhandle, de Llano Estacado en West-Teksas útsein de Transpecos. Dêropta kaam de kitfoks ek foar yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsjes Alberta en Saskatchewan en it uterste súdwestlike hoekje fan Manitoba.

Tsjintwurdich is de fersprieding fan 'e kitfoks beheind ta it easten fan Wyoming en Colorado, it noardeasten fan Nij-Meksiko, it uterste noarden en noardwesten fan Teksas, de Oklahoma Panhandle, en it westen fan Kansas, Nebraska en Súd-Dakota. In isolearre populaasje libbet yn it grinsgebiet fan Montana mei Alberta en Saskatchewan.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kitfoks hat trochinoar in kop-romplingte fan 38–53 sm, mei in sturtlingte fan 23–35 sm en in gewicht fan 1,8–3,0 kg. Dêrmei is er lyts foar in foks en fan ferlykbere grutte mei in hûskat (Felis catus). De skofthichte bedraacht likernôch 30 sm. De earen binne grut en de snút is spits, lykas by alle foksen. Rikels (mantsjes) en moerfoksen (wyfkes) sjogge der gelikens út, mar der bestiet yn dizze soarte al wat seksuele dimorfy yn 'e sin dat de rikels justjes foarser fan stal binne.

In kitfoks docht by dei in slûchje.

De pels hat op 'e boppeste lichemsdielen in dûnkere, grizich bêzje kleur, dy't op 'e siden, sturt en poaten útskaait nei giel oant oranje. De sturt hat in swarte punt en oan wjerskanten fan 'e snút sit ek in swart of dûnkergriis plak. It kin, de kiel, it boarst en de bealch fariëarje yn kleur fan bleek giel oant wyt.

Kitfoksen libje op 'e koartgerzige prêrje oergeand ta steppe en healwoastyn. Yn 'e eastlike Rocky Mountains fan Wyoming en Colorado binne se benammen te finen yn flakkere gebieten.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kitfoks is yn haadsaak in nachtdier, dat by 't simmer inkeld jûns en nachts op 'e lapen komt. De dei bringt dit bist troch yn syn ûndergrûnske hoale, mar winterdeis komt er soms by sinneskynwaar middeis bûtendoar om te sinnebaaien. Kitfoksen binne ôfhinkliker fan har hoale foar har fuortbestean as de measte hûneftigen yn Noard-Amearika, mei't se dy net inkeld as in feilich rêstplak, mar ek as in skûlplak foar gruttere rôfdieren brûke. Hoalen besteane ornaris út ien dearinnende tunnel mei in lingte fan 2–4 m. Soms nimt de kitfoks in hoale oer dy't troch in oar bist groeven is, ek al is er sels prima by steat en graaf syn eigen. Ien foks kin binnen it bestek fan in jier wol 13 hoalen yn gebrûk hawwe. De ferhuzings hawwe te krijen mei itenskrapte yn it neiste om-en-by, mar ek mei de opheaping fan parasiten yn in hoale.

In kitfoks mei in jong by harren hoale yn Wyoming.

Kitfoksen kinne tige hurd drave en dogge dêrmei harren wittenskiplike namme Vulpes velox ("flugge foks") ear oan. De maksimumfaasje fan dit bist leit yn elts gefal boppe de 50 km/h, en mooglik wol sa heech as 60 km/h.

Folwoeksen kitfoksen libje yn pearkes fan in rikel en in moerfoks. Ut in ûndersyk út 2004 die bliken dat se, alteast foar hûneftigen, in opmerklike sosjale organisaasje hawwe, mei't dy basearre is op 'e moerfoks ynstee fan 'e rikel. De moerfoks fêstiget in territoarium dat se har hiele libben behâldt, mar de rikel ferfart nei oare kontreien as syn partner omkomt.

De peartiid fariëarret foar de kitfoks nei regio. Yn Teksas en Nij-Meksiko falt dy perioade fan desimber oant en mei febrewaris, wylst er yn Kanada pas yn maart begjint. Kitfoksen binne monogaam binnen ien pearseizoen, mar kinne tusken twa pearseizoenen yn fan partner wikselje. De moerfoks smyt almeast 4–5 jongen, dy't berne wurde nei in draachtiid fan likernôch 51 dagen. Der wurdt mar ien nêst jongen yn 't jier produsearre. De jonge foksen binne by de berte blyn en dôf, mar hawwe al wol hier. Se binne sadwaande de earste wiken folslein ôfhinklik fan fersoarging troch de mem.

De eachjes en earkes fan 'e jongen geane mei 10–15 dagen iepen en de jongen bliuwe likernôch 30 dagen binnendoar yn 'e hoale. Mei 42–49 dagen wurde se ôfwûn, mar se bliuwe noch oan 'e hjerst ta by de âlden. Dêrnei tsjogge se de wide wrâld yn om in selsstannich bestean te begjinnen. Rikels binne mei 1 jier al geslachtsryp, mar moerfoksen pas mei 2 jier. De libbensferwachting yn it wyld bedraacht 3–6 jier, mar yn finzenskip kinne kitfoksen wol 14 jier libje.

In kitfoks trappearre by nacht.

Krekt as de measte hûneftigen is de kitfoks in omnivoar. Hy bejaget fral lytse sûchdieren en fûgels, mar ek ynsekten en oare lidpoatigen, hagedissen, amfibyen en sels fisken. Wat de sûchdieren oanbelanget, dat binne foar it measte part kjifdieren, lykas de westlike hartemûs (Peromyscus sonoriensis), de pinjonmûs (Peromyscus truei), de wytpoatmûs (Peromyscus leucopus), de noardlike sprinkhoannemûs (Onychomys leucogaster), de westlike nôtmûs (Reithrodontomys megalotis), de greidspringmûs (Zapus hudsonius), de langsturtwrotmûs (Microtus longicaudus), de noardlike reade wrotmûs (Clethrionomys gapperi), de prêrjewrotmûs (Microtus ochrogaster), de richardsonwrotmûs (Microtus richardsoni), de westlike greidwrotmûs (Microtus drummondii), de boarstelhierrige mûsgoffer (Chaetodipus hispidus), de flaktemûsgoffer (Perognathus flavescens), de sidehierrige mûsgoffer (Perognathus flavus), de Wyomingmûsgoffer (Perognathus fasciatus), it richardsongrûniikhoarntsje (Urocitellus richardsonii), it franklingrûniikhoarntsje (Poliocitellus franklinii), it rotsiikhoarntsje (Otospermophilus variegatus), it Wyominggrûniikhoarntsje (Urocitellus elegans), de swartsturtprêrjehûn (Cynomys ludovicianus), de wytsturtprêrjehûn (Cynomys leucurus), de plomsturthamsterrôt (Neotoma cinerea) en de muskusrôt (Ondatra zibethicus).

Dêrnjonken fret de kitfoks ek hazze-eftigen, lykas de berchkatoensturtknyn (Sylvilagus nuttallii), de Floaridaknyn (Sylvilagus floridanus), de woastynkatoensturtknyn (Sylvilagus audubonii), de prêrjehazze (Lepus townsendii) en de swartsturthazze (Lepus californicus). De fûgels dy't op it menu steane, libje oer it algemien op 'e grûn, lykas de blauwe sniehin (Dendragapus obscurus), de kraachhin (Bonasa umbellus), de lytse prêrjehin (Tympanuchus pallidicinctus), de prêrjehin (Tympanuchus cupido), de stikelsturthin (Tympanuchus phasianellus), de waaierhin (Centrocercus urophasianus) en eksoaten as de fazant (Phasianus colchicus) en de patriis (Perdix perdix). It dieet fan 'e kitfoks wurdt oanfolle mei fûgelaaien en plantaardich fretten, yn 'e foarm fan fruchten en gers. Kitfoksen binne opportunisten, dy't har foardiel dogge mei wat der beskikber is. By 't simmer binne dat grutte hoemannichten ynsekten, benammen sprinkhoannen. Ies litte se ek net lizze.

In kitfoks libjend middenmank in koloanje swartsturtprêrjehûnen (Cynomys ludovicianus) yn westlik Kansas.

Natuerlike fijannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste natuerlike fijân fan 'e kitfoks is de prêrjewolf (Canis latrans). Dy fret lykwols faak de troch him deade kitfoks net op, en bejaget de bisten inkeld om natuerlike konkurrinten út 'e wei te romjen. Oare natuerlike fijannen fan 'e kitfoks binne de sulverdas (Taxidea taxus), de keningsearn (Aquila chrysaetos) en de reade lynks (Lynx rufus).

De kitfoks waard yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw sa slim bedrige, dat er doe op in hier nei útstoarn is. Dat kaam benammen troch oerheidsprogramma's út 'e 1930-er jierren foar de bestriding fan rôfdieren, dy't benammen rjochte wiene op 'e grize wolf (Canis lupus) en de prêrjewolf (Canis latrans). Tsjin 1938 wie de kitfoks hielendal út Kanada ferdwûn.

Yn 'e Feriene Steaten wist dit bist yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw op eigen krêft wer by de wâl op te klauwen. Yn Kanada waard yn 1983 úteinset mei reyntroduksjes yn it wyld, dy't yn it earste jier problematysk wiene. Mar tsjin 2000 hie de populaasje him dêr yn oantal fertrijefâldige yn ferhâlding ta it tal foksen dat yn it wyld útset wie.

Yn Kanada hat de kitfoks noch altyd de status fan in bedrige soarte, mar yn 'e Feriene Steaten genietet dit bist bûten de grinzen fan natoergebieten gjin beskerming. De Ynternasjonale Uny foar Beskerming fan 'e Natoer (IUCN) hat de kitfoks de status fan "net bedrige" jûn. Tsjintwurdich rint dit bist noch altyd gefaar trochdat feehâlders him as ûngedierte beskôgje en him ôfsjitte of fergiftigje. Ek komme der geregeldwei kitfoksen om yn it ferkear.

De kitfoks is in monotypyske soarte, wat betsjut dat der gjin ûndersoarten erkend wurde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.