Kirillo-Belozersky-kleaster

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Kirillo-Belosersky-kleaster

Кирилло-Белозерский монастырь

Вид на южную часть Кирилло-Белозерского монастыря.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
Oblast Flag of Vologda oblast.svg Oblast Vologda
Distrikt Flag of Kirillov (Vologda oblast).png Kirillov
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1397
oare ynformaasje
webside kirillov-monastyr.ru

It Kirillo-Belosersky-kleaster heart ta de grutste kleasterkompleksen fan Ruslân. It waard yn 1397 yn it tsjintwurdige Vologda Oblast by it doarpke Gorizy resp. de stêd Kirillov stifte en ûntjoech him ta de wichtichste religieuze sintra fan it Grutfoarstendom Moskou.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ikoan fan de hillige Kirill (Tretjakov Museum, Moskou)

Stifter fan it kleaster wie de muonts Kirill (ek: Syril), dy't neffens de oerlevering op de berch Maura stie doe't er in godlike oanwizing krige foar de lokaasje dêr't it kleaster boud wurde moast. Oant yn ús tiid wurdt de berch fereare as hillich plak. Kirill neamde him tenei Kirill Belozerksy, ôflaat fan de namme fan de mar weroan't it kleaster boud wurde soe (Beloe osero = Wite Mar).

Ynearsten bestie it kleaster allinnich út in houten kapel en in blokhûs foar de muontsen. Troch famyljebannen fan de stifter mei de russyske adel en de strategyske lokaasje waard it kleaster ryk en ien fan de wichtichste politike en religieuse sintra fan it Russyske Ryk. Under Ivan de Ferskriklike, dy't hjir sels in sel hie, hie it kleaster it op ien nei grutste lânbesit yn Ruslân.

Frjemde troepen belegeren it kleastser ferskate kearen, mar it koe net ferovere wurde. Oan it ein fan de 17e iuw waard it kompleks hieltyd wer grutter makke. Ek krige it kleaster nije muorren (1654-1680). Dizze muorren steane hjoeddedei noch om it kleaster. Ek Peter de Grutte besocht it kleaster en hjir kaam hy yn de kunde mei de boumasters, mar benammen ek mei de ikoanenskilders fan it kleaster. De bêsten socht Peter de Grutte der út en helle se nei Sint-Petersburch, om dêr oan de bou fan de nije haadstêd te wurkjen. Mei in dekreet fan Katarina de Grutte ferlear it kleaster alle liifeigenen en it lânbesit.

Nei de Oktoberrevolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de ûnteigening fan de Russyske kleasters feroaren de bolsjewiken it kompleks yn in museum. De grutte biblioteek en guon weardefolle objekten waarden nei Moskou of Sint-Petersburch oerbrocht. De ikoanen waarden mei ikoanen fan oare kleasters ta ien kolleksje foege en útstald yn it eardere refektoarium.

Sûnt 1998 wurdt it kleaster wer troch muontsen bewenne en stadichoan restaurearre. Ta it kompleks hearre alve stiennen tsjerken út de 15e oant 18e iuw, in muorre mei tsien tuorren, it refektoarium, twa sikenhûzen, in houten wynmûne en oare fasiliteiten.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]