Kinsck fan Ropta
Appearance
Kinsck fan Ropta, of Kinsck Ropta wie de frou fan Sjoerd Andla fan Weidum dy't yn 1541 tegearre it Tjallingafûns yn Nijtsjerk stiften. Hjoed-de-dei hjit it plak Westernijtsjerk by Marrum yn de gemeente Ferwerderadiel. Hjir stie in pleats of state dy't yn besit wie fan de Zthalinga’s, it “Zthalinga-goed”. Dêr komt de namme “Tjallinga” wei. Op dizze pleats waarden doe al weesbern opfongen en fersoarge.