Kinke Kooi
| Kinke Kooi | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Kinke Kooi | |
| berne | 1961 | |
| berteplak | Ljouwert | |
| wurkpaad | ||
| jierren aktyf | sûnt 1985 | |
| prizen | Jeanne Oostingpriis, Gerrit Bennerpriis | |
| offisjele webside | ||
| https://www.kinkekooi.com/ | ||
Kinke Kooi (Ljouwert, 1961) is in fanút Arnhim wurkjende Fryske keunstner. Se makket benammen tekeningen en lytsere ynstallaasjes. Har keunst rjochtet him benammen op froulju en froulikens.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kooi stelde harsels oan it begjin fan har wurksume libben trije regels. Dit wiene de regels:
- Myn kar fan ûnderwerp komt altyd út in persoanlike fassinaasje, ek al skamje ik my dea;
- Ik tekenje en skilderje sa sekuer mooglik wat ik sjen litte wol, ek al wurdt it banaal;
- Ik bliuw tekenjen en skilderjen oant ik der wis fan bin dat it klear is, sels as ik te fier gean.
Sels stelt se dat dizze regels in soarte fan stipe binne, sadat se de grinzen yn har keunst ferleget en net ophâldt om't in wurk har skamje lit. Har keunst kin karakterisearre wurde as moderne keunst mei floeiende foarmen, dy't yn 't earstoan abstrakt liket, mar by goed besjen faak deistige foarmen of objekten hat. Troch sokke objekten te ûntdekken krijt har keunst faak nije betsjutting. Har favorite kleur is rôze en heldere tinten fan dizze kleur komme faak yn har wurk foar, lykas kleuren dy't byinoar gearkomme, dy't ek as kitsch beskôge wurde.
Populariteit
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de fokus dy't Kooi hie op har trije regels, wie se mear dwaande mei wat se as keunstner meitsje woe en folle minder mei wat populêr wie by it publyk. Dêrtroch duorre it wat tiid foardat it grutte publyk har fûn. De lêste jierren hat der mear wurdearring foar har wurk west. Kooi stelt sels dat har smaak blykber akseptabeler wurden is en in tsjinwicht biede moat oan wat se 'fisuele honger' oantsjut. Dêrmei bedoelt se in iensidichheit fan bylden en bepaalde klisjees (faak oer froulju) dy't faak weromkomme. Har keunst, dy't net altyd rjochte is op de moaie aspekten fan froulju, moat foar tsjindruk soargje.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De gruttere wurdearring foar Kooi yn mear resinte tiden die bliken bygelyks út de útrikking fan de Jeanne Oostingpriis foar har wurk yn 2016, de Gerrit Bennerpriis foar Byldzjende Keunst foar har hiele oeuvre yn 2023 en de útstalling yn it Frysk Museum nei oanlieding fan de Brennerpriis. Foar dy lêste eksposysje eksposearre se al yn Museum Arnhim, Museum Boijmans Van Beuningen, it Ryksmuseum Amsterdam en sûnt 1995 yn Amearika. Yn 2021 stie in wurk fan Kooi yn in IKEA-katalogus, dat in grut publyk berikte dat oars net mei har wurk yn oanrekking komme koe.
Privee
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kooi waard berne yn 1961 yn Ljouwert en studearre yn de earste helte fan de jierren tachtig oan ArtEZ Akademy foar Byldzjende Keunsten Arnhim. Nei har stúdzje bleau se yn Arnhim wenjen en hat se hjir ek har atelier. Se hat in goede bân mei har mem en neamt har har heldinne. Se liket foar har ek in ynspiraasje west te hawwen op it mêd fan wurk, want Kooi jout har mem kwaliteiten dy't har trije regels stypje, lykas moed en oarspronklikheid.
Hoewol't it froulike geslacht sintraal stiet yn har wurk, ûnderfynt se har eigen relaasje mei geslacht as floeiender. Sy stelt: Ik hâld fan it gebrek oan dúdlike skieding. Ik gie troch in faze dêr't ik in jonge wêze woe; doe't ik bern krige, waard ik tige froulik; Nei myn menopauze waard ik wer manliker, en ek fûlder. Ik hâld fan dy skommelingen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |