Kingmastate

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kingma State)
Ignatius fan Kingma
Akwarel Kingmastate troch Albert Martin
Schotanuskaart 1698 States
Foto state Kingma foar 1864

Kingmastate is in eardere stins by it doarp Sweins, in fjouwer kilometer bûten Frjentsjer.

De âldst bekende bewenner is in Jelle (thoe) Kingum, dy't om 1500 hinne op de stins wenne. Syn neisieten ha dêr oant ein 16e iuw wenne. De lêste ôfstammeling fan Jelle wie Ignatius fan Kingma (1621-1700). Hy wie brigadier en kolonel fan de Ruterij fan de Feriene Nederlannen en waard nei syn ferstjerren by de oare Kingma's begroeven yn de Reginatsjerke fan Sweins. Op ien fan de grêfsarken stiet it famyljewapen.

De stins, dy't earst oantsjutten waard as Kinghum, wie yn dizze tiid in saneamde rjochtfierende state yn it Aester Fiarndel fan Frjentsjerteradiel. Kinghum wie oer de dyk ferbûn mei Frjentsjer troch in brêge (Kingmatille), oer de trekfeart fan Harns nei Ljouwert, mei Winsum.

De state stie mei in opfeart yn ferbining mei de trekfeart. Lâns de opfeart rûn de oprydleane. It haadgebou stie mei de foarkant nei it easten (Sweins) oriïntearre en lei tusken in bosk oan de noardkant en ferskate tunen, wêrûnder in binnentún en in kokentún.

Mids 19e iuw ferstoar de lêste bewenner fan de Kingmastate, Julius Matthijs fan Beyma thoe Kingma (1781-1847). De state waard by opbod ferkocht en yn 1864 ôfbrutsen. De grûn dêr't it op stie waard ôfgroeven.

Yn 2001 waard de Stifting Herstel Kingma State oprjochte. Doel is it opbouwen fan it lângoed yn moderne foarm. De plannen bestean út de bou fan fjouwer oant seis wenten om in mienskiplik binnenplak yn in parkeftige omjouwing.