Springe nei ynhâld

Kinriempinguïn

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kinbânpinguïn)
kinriempinguïn
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpinguïneftigen (Sphenisciformes)
famyljepinguïns (Spheniscidae)
skaaiboarstelsturtpinguïns (Pygoscelis)
soarte
Pygoscelis antarcticus
Forster, 1781
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De kinriempinguïn, kinbânpinguïn of stoarmbânpinguïn (Pygoscelis antarcticus) is ien fan 'e trije soarten yn it skaai boarstelsturtpinguïns (Pygoscelis) út 'e famylje pinguïns (Spheniscidae).

Kinriempinguïn mei jong.

De kinriempinguïn wurdt 68 oat 76 sm en weaget 3.2 oant 5.3 kg, ôfhinklik fan 'e tiid fan it jier. Mantsjes binne swierder en grutter as wyfkes.

It gesicht is wyt oant efter de readbrune eagen, it kin en de kiel binne ek wyt, wylst de mûtse en de koarte snaffel swart binne. Fan efter de eagen rint oer de râne fan it kin in swarte riem, dêrfandinne de namme. De wjukken fan 'e folwoeksen kinriempinguïn binne boppe swart mei in wite râne; de ûnderkant is wyt. De sterke poaten en de swimfuotten binne rôze.

Kinriempinguïns libje om Antarktika hinne. Se briede yn Antarktika, Argentynje, op Bouveteilân, yn Sily, de Frânske Súdlike Territoaria, Súd-Georgje en de Súdlike Sandwicheilannen. Swalkers binne yn Austraalje Nij-Seelân, Sint-Helena, Tristan da Cunha en Súd-Afrika waarnommen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kinriempinguïns bouwe nêsten fan stien en se lizze twa aaien, dy't troch it mantsje en it wyfke útbret wurde. Se wikselje inoar om de seis dagen ôf en de jongen komme nei likernôch 37 dagen út. De piken ha in pluzige grize rêch en in ljochte foarkant. De jongen bliuwe 20-30 dagen yn it nêst foardat se by oare jongen yn 'e kres komme. Mei sawat 50-60 dagen ferfearje se en krije se it folwoeksen fearrekleed. Dan geane se nei see.

Kinriempinguïns wurde oer it generaal as de meast agressive en sinnige soarte pinguïns beskôge.

De wichtichste predator fan 'e pinguïn is de seeloaihoars. Alle jierren is allinnich de seeloaihoars al ferantwurdlik foar it opfretten fan likernôch 5% oant 20% fan 'e populaasje. Fijannen op lân binne de subantarktyske grutte skraits, de Súdpoalskraits en de súdlike reuzestoarmfûgel de grutste fijannen fan 'e pinguïn, dy't fral op 'e piken en aaien jeie.

It iten fan 'e kinriempinguïn bestiet út lytse fiskjes, krill, garnalen en inketfisk. Alle dagen swimme se oant 80 km út 'e kust om dêr op te jeien. De ticht op inoar sittende fearren soargje foar in wettertichte jas sadat er yn beferzen wetter swimme kin. Dernjonken helpe dikke spekôfsettings foar it waarm hâlden fan 'e fûgel.

Oannommen wurdt dat de oantallen fan 'e soarte ôfnimme (2025). In bedriging foarmet de klimaatferoaring en yn ferskate dielen fan it ferspriedingsgebiet feroarsaket klimaatferoaring in fermindering fan 'e oerfloed fan kril, itjing ta minder briedsukses liedt. In ekspedysje yn 2019 nei de briedplakken fan Elephant Island wiisde bygelyks út dat yn minder as 50 jier de oantallen mei de helte tebek rûne wiene.

De populaasjes binne lykwols net slim fragmintearre en op guon plakken nimme de oantallen ek ta. De soarte wurdt troch de IUCN as net bedrige (Least Concern, 2020) klassifisearre. In rûzing fan 1999 giet út fan 8 miljoen folwoeksen fûgels.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: