Springe nei ynhâld

Killing Floor (roman)

Ut Wikipedy
Killing Floor
algemiene gegevens
auteurLee Child
taalIngelsk
foarmroman
sjenreskriller
skreaun19941996
1e publikaasje1997, Londen
oarspr. útjwr.Bantam Books
prizenAnthony Award 1998
Barry Award 1998
rige
rigeJack Reacher
● foarich diel(earste diel)
● folgjend dielDie Trying
kodearring
ISBN0 51 51 23 447

Killing Floor is in skrillerroman fan 'e hân fan 'e Ingelske skriuwer Lee Child. De titel betsjut: "Moardflier". It boek is it earste diel út 'e tige súksesfolle Jack Reacher-searje. It folget de Amerikaanske omrinner en âld-militêre plysjeman Jack Reacher wannear't er yn it fiktive plak Margrave, yn 'e Amerikaanske steat Georgia, arrestearre wurdt foar in moard dy't er net begien hat. Sa begjint syn belutsenens by in saak dy't hieltyd nuverder en úteinlik ek tige persoanlik foar him wurdt. Killing Floor is skreaun yn it ik-perspektyf. It boek waard yn 1997 publisearre troch de útjouwerijen Bantam Books yn it Feriene Keninkryk en G.P. Putnam's Sons yn 'e Feriene Steaten. Killing Floor groeide út ta in geweldige bestseller, in súkses dat de grûnslach lei foar de fierder Jack Reacher-rige. Hoewol't dit boek it earst skreaune en publisearre diel is fan dy romansearje, ferskynden der letter fjouwer prequels, sadat Killing Floor gronologysk (anno 2026) it fyfde diel is.

It ferhaal spilet yn 1997. Jack Reacher is in eardere majoar yn it Militêr Plysjekorps fan it Amerikaanske Leger. Seis moannen earder is er earfol ûntslein út militêre tsjinst fanwegen de ynkrimping fan 'e Amerikaanske Striidkrêften nei de ein fan 'e Kâlde Oarloch. Sûnt doarmet er as omrinner sûnder fêst wen- of ferbliuwplak troch de legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten. Wat begûn as in oanstriid om wat mear fan dat lân te sjen dat er sa lang tsjinne hat, is útrûn op in libbenswize dy't er nea wer kwyt wol. Foar it earst yn syn libben is er wier frij om te dwaan en litten wat er mar wol, en dat befalt him poerbêst.

Underweis mei in nachtbus fan Jacksonville yn noardlik Floarida nei Atlanta yn Georgia beslút Reacher ympulsyf om út te stappen yn it (fiktive) stedsje Margrave yn Georgia, om't er in leafhawwer fan bluesmuzyk is en om't Margrave it stjerplak wie fan 'e iere bluesmuzikant Blind Blake.* De bus stoppet moarnsier oan 'e autosneldyk dy't by Margrave lâns giet, sadat Reacher de lêste 221/2 km rinne moat. Yn 'e rein. Wannear't er úteinlik yn in kafetaria yn Margrave sit op te drûgjen, wurdt er ta syn ferbjustering arrestearre foar moard. Hy blykt derfan fertocht te wurden de jûns tefoaren yn in leechsteande pleatslike loads in lange man fan deunby fan efteren troch de holle sketten te hawwen mei in kûgel mei in sêfte punt. De identiteit fan dy man is ûnbekend, mei't der gjin identiteitsbewiis op it stoflik omskot oantroffen is, wylst it gesicht fuortblaasd is troch de reuseftige útgongswûne dy't kûgels mei sêfte punten meitsje. De pleatslike plysjekommissaris, Morrison, dy't oan it haad stiet fan in plysjekorps fan acht man (ynkl. himsels), beweart dat er Reacher de foargeande jûns by de loads omhingjen sjoen hat. Reacher wit dat dat in leagen is, want de foargeande jûns wie hy noch yn Jacksonville.
*) Dat is feitlik net wier. Blind Blake, eins Arthur Blake (18961934), ferstoar yn Milwaukee, Wisconsin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Op it pleatslike plysjeburo komt Reacher yn 'e kunde mei Finlay, de iennichste resjersjeur fan it plysjekorps, en mei de freonlike froulike plysje Roscoe. Finlay nimt him yn 't ferhear. Reacher fertelt him hoe't it sit en Finlay liket him te leauwen. Mar hy moat likegoed it aliby noch checke en dêrfoar moat er earst de bussjauffeur en oare buspassazjiers efterhelje. Mei't it ûnderwilens freedtemiddei is, spilet it neieroankommende wykein him dêrby parten. Reacher sjocht oankommen dat er it hiele wykein fêstholden wurde sil, dat hy besiket it spul wat te ferhastigjen. Wannear't Finlay him fertelt dat er in stikje papier mei in ûnbekend tillefoannûmer yn ien fan 'e skuon fan it slachtoffer fûn hat, mar dat er noch weromhearre moat fan it tillefonybedriuw om út te finen wa syn nûmer it is, trunet Reacher him oan om gewoan sels it nûmer te skiljen. It blykt nei in ynwenner fan Margrave te lieden, in Paul Hubble, dy't by in grutte bank yn Atlanta wurket. Wannear't dyselde op it plysjeburo komt en de saak oan him foarlein wurdt, blaft er derút dat hy de lange man deasketten hat. Sawol Finlay as Reacher binne tige skeptysk oer dy bekentenis.

Mar de middei rint op 'e ein, en wêr't Reacher al bang foar wie, dat bart: hy en Hubble wurde yn ôfwachting fan fierder ûndersyk foar it wykein oerbrocht nei it tichthûs yn it oanbuorjende plak Warburton. Dêr hearre de beide mannen fêstset te wurden op 'e lichtbefeilige ôfdieling dy't tsjinst docht as hûs fan bewar, mar ynstee bringt de haadsipier Spivey harren nei de swierst befeilige ôfdieling, dêr't de libbenslang straften sitte. Wannear't op sneontemoarn swarte bindeleden Hubble tenei komme, beskermet Reacher him, net út 'e goedheid fan syn hert, mar út eigenbelang, om't er wol foar it ferstân hat dat de finzenen efter him oankomme sille as se mei Hubble klear binne. By de konfrontaasje wurdt de bril fan Hubble fyntrape en stelt Reacher in sinnebril fan ien fan 'e bindeleden.

Letter dy deis wurdt Reacher yn 'e dûsromte oanfallen troch trije leden fan 'e neonazistyske Aryske Bruorskip. Dat bekomt de mannen lykwols min, want as men by de militêre plysje tsjinnet, hat men allegeduerigen te krijen mei kriminelen dy't goed traind binne yn fjochtsjen. Dat betsjut dat militêre plysjes noch better traind wêze moatte. Yn it gejocht mei de Ariërs slacht Reacher ien dea en ferwûnet er de beide oaren slim. Op dat stuit dûkt ynienen Spivey op dy't him en Hubble halje-trawalje nei de bewarôfdieling slûket. Dat Spivey blykber stie te wachtsjen, fertelt Reacher dat de Ariërs yn opdracht wurken. Mei't Spivey de iennichste sipier is dy't Reacher en Hubble sjoen hawwe, is no net mear te bewizen dat se net altyd al yn it hûs fan bewar sitten hawwe. Dat past Reacher skoan, want dat betsjut dat hy in perfekt aliby hat foar de dea fan 'e Ariër. Mar wat er net begrypt, is wêrom't Spivey him dea hawwe woe.

Dy middeis besiket er Hubble út te kloarkjen, mar dyselde wol inkeld yn 'e meast algemiene termen wat sizze oer de moardaak. De fermoarde lange man yn 'e loads wie in ûndersiker dy't Hubble nei Margrave ta helle hie. Hubble is nammentlik belutsen rekke by in kriminele organisaasje. Dêr doar er fierders neat oer te sizzen, want der binne bedrigings utere yn 'e rjochting fan syn frou Charlie en harren beide jonge bern. Op sneintemoarn wurde Reacher en Hubble frijlitten: Finlay en Roscoe hawwe de hiele freedtejûn en sneon trochwurke om it aliby fan Reacher befêstige te krijen. Reacher nimt yn omtinken om no te sjen dat er fuortkomt, mar twa dingen hâlde him yn Margrave: der is besocht him deryn te lúzjen (Morrison) en te fermoardzjen (Spivey) en hy wol witte hoe't dat sit, en dêrnjonken fielt er him tige oanlutsen ta Roscoe. Sadwaande jout er him by it ûndersyk fan Finlay.

Hubble wurdt wei út syn hûs en kin net mear fûn wurde. Te let beseft Reacher dat de moardoanslach yn it tichthûs net op him, mar op Hubble rjochte wie. Hy riddenearret út dat Spivey tsjin 'e leden fan 'e Aryske Bruorskip sein hawwe moat: "Dy mei de bril, dy moatte jim ha." Mar tsjin 'e tiid dat se yn 'e dûsromte wiene, hie Hubble gjin bril mear en Reacher al. Reacher is der dêrom wis fan dat Hubble dochs noch fermoarde is. Underwilens is der einlings en te'n lêsten útslach kommen út 'e database fan 'e FBI yn Washington, D.C. oangeande de fingerôfdrukken fan it moardslachtoffer. Ta Reacher syn folsleine shock blykt it om syn eigen, fan him ferfrjemde broer Joe te gean. No is de saak hielendal persoanlik wurden foar Reacher. Finlay, dy't de omkriten fan it plak delikt útkamt, fynt in twadde fermoarde man, dy't nei alle gedachten tagelyk mei Joe om hals brocht is. De identiteit fan it twadde slachtoffer wurdt fêststeld as frachtweinsjauffeur Sherman Stoller.

Wannear't Finlay mar gjin kontakt krije kin mei kommissaris Morrison, oan wa't er de nije ûntwikkelings yn 'e saak trochdwaan wol, giet er nei it hûs fan 'e man. Yn 'e sliepkeamer treft er Morrison en syn frou op bisteftige wize ôfslachte oan, op krekt deselde manear as de bedrigings dy't tsjin Hubble en syn frou en bern utere wiene. Tusken de bedriuwen troch krije Reacher en Roscoe in seksuele relaasje. Om 'e sinnen te fersetten geane se jûns nei in bar dêr't in band optreedt krekt oer de grins yn Alabama. Se drinke allebeide en binne net by steat om werom te riden. Dêrom nimme se in keamer yn in pleatslik motel dêr't se de nacht trochbringe. As se de oare deis wer yn Margrave komme, docht bliken dat der by Roscoe har wente ynbrutsen is. Mei't it de hiele nacht reind hat dat it spielde, binne op 'e parketflier fan har wenkeamer de fuotstappen te sjen fan fjouwer pear manljusskuon dy't nei har sliepkeamer liede en sûnder wat bedijd te hawwen wer weromkomme. It is Reacher en Roscoe dúdlik dat se troch poer lok oan 'e dea ûntkomd binne, mei't de mannen sûnder mis yn 't sin hiene om mei har beiden itselde te dwaan dat se mei de Morrisons dien hawwe. (Op dit foarfal slacht de titel fan it boek, Killing Floor, "Moardflier".)

Reacher is bang dat dejingen dy't efter de moarden sitte út klearebare wraak Charlie Hubble en har bern tenei komme sille. Finlay regelet fia in kunde fan sines, spesjaal agint Picard fan 'e FBI, dat it trio ûnderdûke kin yn Atlanta yn in safehouse fan 'e FBI. Reacher wit oer it wurk fan syn broer Joe allinnich mar dat er yn 'e tsjinst wie by it Amerikaansk Ministearje fan Finânsjes. Ut neifraach by syn sekretaresse docht bliken dat Joe it haad wie fan 'e ôfdieling dy't falskemunterij tsjingean moat. Hy wie nei Margrave ta kommen nei't Hubble kontakt mei it Ministearje fan Finânsjes opnommen hie. De jûns dat er fermoarde waard, hied er in geheime moeting mei in twadde ynformant, Sherman Stoller. Stikje by bytsje komt oan it ljocht dat Margrave de basis is fan in binde falskemunters dy't ûnder lieding stiet fan Kliner, in sakeman dy't de machtichste man fan it stedsje is, en syn soan, Kliner jr., in lossleine psychopaat. Kliner sr. is de moardner fan Joe Reacher en Sherman Stoller.

It is noch altyd ûndúdlik hoe't de falskemunterij krekt yn syn wurk giet, mei't foar de Amerikaanske dollar tige spesifyk "papier" brûkt wurdt, dat eins foar sa'n 90% út katoen en foar 10% út linnen bestiet. Ferskate ekspêrs mei wa't er praat, bewissigje Reacher derfan dat sok papier foar falskemunters binnen de grinzen fan 'e Feriene Steaten net te besetten is om't it produksjeproses tige strang befeilige wurdt. Roscoe tinkt dat Kliner, waans bedriuw in fabryk yn Fenezuëla hat, it falske jild dêr drukke lit, it yn 'e Feriene Steaten ynfiert fia de haven fan Jacksonville en it dan oer de legere 48 steaten distribuëarret út syn bedriuw yn Margrave wei. Dy teory wurdt lykwols ûntkrêfte wannear't Reacher himsels tagong ferskaft ta in frachtwein dy't út Margrave wei ûnderweis is nei Los Angeles; de laadromte blykt leech te wêzen.

Behalven heit en soan Kliner binne ek Grover Teale, de boargemaster fan Margrave, en ferskate leden fan it pleatslike plysjekorps lid fan 'e binde. Kommissaris Morrison wie dat ek, mar hy en syn frou binne troch Kliner-en-dy fermoarde om't Morrison sa ynkompetint wie (hy hie nammentlik fan Kliner opdracht krigen om 'e liken fan Joe Reacher en Sherman Stoller ferdwine te litten). Spivey, de tichthûssipier, heart ek ta de binde, mar ek hy wurdt yn opdracht fan Stoller út 'e wei romme wannear't Reacher him ûnder druk besiket te setten om oan ynformaasje oer de binde te kommen. FBI-agint Picard helpt Finlay en Reacher temûk, om't foar de offisjele ynset fan 'e FBI ferlet is fan in fersyk fan it haad fan it pleatslike plysjekorps, en dat is, no't Morrison dea is, boargemaster Teale, dy't sa'n fersyk fansels net dwaan sil. Om't er sels net oan ien wei troch Charlie Hubble en har bern yn it safehouse bewekje kin, freget Picard oft Roscoe dat dwaan kin. Dat bestjut dat allinnich Reacher en Finlay oerbliuwe om mei de binde fan Kliner ôf te weven.

Reacher lit oan brigadier Baker, fan wa't er ûnderwilens wit dat dy in bindelid is, mar dy't sels mient dat Reacher noch neat trochhat, witte dat er yn it lege hûs fan 'e Hubbles oernachtsje sil. Te neare nacht arrivearret dêr in fiiftal mannen om him dea te meitsjen, besteande út Kliner jr., twa oare plysjes as Baker, en twa befeiligingslju fan it bedriuw fan Kliner. Mar Reacher hat in mûklaach opset en makket ynstee de fiif ynkringers ien foar ien dea.

Op basis fan fierder ûndersyk dat Reacher en Finlay yn Atlanta dogge, riddenearret Reacher úteinlik út hoe't it sit mei de falskemunterij. De bankbiljetten fan ferskillende denominaasjes fan oare muntienheden ferskille ornaris yn grutte: it bryfke fan 5 is bgl. lytser as dat fan €10, dat lytser is as dat fan €20, dat wer lytser is as dat fan €50, ensfh. By de Amerikaanske dollar is dat lykwols net sa: it bryfke fan $1 is like grut as dat fan $100. Wat Kliner docht, is miljoenen bryfkes fan $1 ynsammelje yn 'e Feriene Steaten, dy't yn frachtweinen lykas dy fan Stoller nei Margrave ta brocht wurde. Dêrnei wurde se it lân útsmokkele nei Kliner syn fabryk yn Fenezuëla, dêr't se mei gloar bleekt wurde om se wer blanko te meitsjen. Dan kinne se op 'e nij drukt wurde, mar no as bankbiljetten fan $100, dy't dan wer weromkomme nei de Feriene Steaten.

Wannear't Reacher en Finlay weromkeare yn Margrave, wurde se lykwols yn it plysjeburo opwachte en finzen nommen troch Kliner, Teale, Baker en, ta harren skrik, FBI-agint Picard, dy't ek ta de binde blykt te hearren. It docht bliken dat Charlie Hubble en har bern net feilich ûnder bewekking troch Roscoe yn in safehouse yn Atlanta sitte, mar dat beide froulju en de bern al dagenlang fêstholden wurde yn it bedriuw fan Kliner, dêr't Picard harren fuortendaliks hinne brocht hat. Kliner wol fan Reacher witte wêr't er Paul Hubble ferburgen hat. Reacher beseft dan dat er mis wie oer Hubble, dy't dus dochs net al fermoarde is, mar sa ferstannich west hat om ûnder te dûken. Kliner driget syn fjouwer gizelders en Finlay op bisteftige wize te fermoardzjen as Reacher net binnen fyftjin oeren mei Hubble op 'e lapen komt.

Dat, Reacher moat der op út, mei Picard om in eachje op him te hâlden. Mar hy soarget der mei opsetsin foar dat er in lekke bân kriget, wat him de ôflieding jout om in fjoerwapen te bemachtigjen en Picard del te sjitten. No't er wit dat Hubble noch libje moat, kin er útriddenearje wêr't de man him beskûl hâlde moat. Hy hellet him op en twaresom keare se werom nei Margrave. Dêr treffe se Finlay noch yn 'e sel fan it plysjeburo oan, mar Kliner-en-dy binne foarearst weromgien nei syn bedriuw. Sadwaande kinne Reacher en Hubble Finlay útbrekke. Mei syn trijen beslûpe se dy nachts it bedriuw fan Kliner, dêr't Reacher earst Baker útskeakelet, dy't as bûtenwacht fungearret. Dêrnei kringe se it bedriuwgebou yn, dêr't se de beide sliepende Hubble-bern yn in kantoarke fine en stilwei fuortslúkje kinne. Kliner en Teale binne mei de beide froulju yn 'e loads fan it bedriuw, dêr't de froulju biljetten fan $1 yn kartonnene doazen lade moatte. Wylst Hubble syn bern yn feilichheid bringt, stekt Finlay mei in knypflesse benzine ûnder de loadsdoar troch de ûnbidige bulte opslein jild yn 'e brân. Dat jout genôch ôflieding foar Reacher om Teale en Kliner del te sjitten sûnder dat ien fan dy mannen daliks Charlie Hubble en Roscoe delmeant. Wannear't hy en Finlay besykje om Roscoe en Charlie út 'e baarnende loads te krijen, dûkt ynienen in ferwûne en poerrazene Picard op. Yn in gefjocht makket Reacher him mei help fan Finlay dea, wêrnei't de beide mannen mei de froulju út 'e loads ûntkomme wylst de flammen al út it dak slane.

Reacher bringt noch in lêste nacht troch mei Roscoe, mar hy beseft dat se net byinoar passe. Hy is in omdoarmer dy't nea gelokkich is as er te lang op itselde plak bliuwt, wylst sy yn Margrave woartele is en al plannen makket foar har takomst dêre. Boppedat hat Reacher yn Margrave safolle lju út 'e ljochten holpen, dat de grûn him der te hjit ûnder de fuotten wurden is. Hy wit dat er úteinlik frijsprutsen wurde soe fan alle mooglike oanklachten, mar hy hat der net folle sin oan om twa jier yn it tichthûs troch te bringen oant de trage rêden fan 'e burokrasy ta dy konklúzje kommen binne. It is folle makliker om gewoan te ferdwinen. Dat Roscoe bringt him nei Atlanta, dêr't er op 'e bus nei Kalifornje stapt.

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Killing Floor wûn of wie nominearre foar de folgjende prizen:

Adaptaasje ta tillefyzje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Killing Floor waard adaptearre ta it earste seizoen fan 'e tillefyzjesearje Reacher, dy't produsearre waard troch Skydance Television, de Paramount Television Studios, Blackjack Films en de Amazon Studios. It seizoen wie fan febrewaris 2022 ôf te sjen fia de streamingtsjinst Amazon Prime. Foar de tillefyzje-adaptaasje waarden der ferskate feroarings yn it ferhaal oanbrocht. Sa waard it personaazje fan Kliner jr. midstwa spjalten yn K.J. Kliner en Dawson Kliner. Ek waard it personaazje fan Frances Neagley yntrodusearre, in eardere ûnderhearrige fan Reacher by de militêre plysje, dy't yn 'e romansearje pas yn lettere dielen opdûkt.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.