Kill Bill: Volume 2

Ut Wikipedy
Kill Bill: Volume 2
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Quentin Tarantino
produsint Lawrence Bender
senario Quentin Tarantino
kamerarezjy Robert Richardson
muzyk RZA
Robert Rodriguez
filmstudio A Band Apart
distribúsje Miramax Films
spilers
haadrollen Uma Thurman
David Carradine
byrollen Daryl Hannah
Michael Madsen
Gordon Liu
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 8 april 2004
foarm langspylfilm
sjenre aksjefilm
taal Ingelsk (ek wat Kantoneesk)
spyltiid 136 minuten
budget en resultaten
budget $30 miljoen
opbringst $152,2 miljoen
prizen Saturn Award
filmsearje
filmsearje Kill Bill
● foarich diel Kill Bill: Volume 1

Kill Bill: Volume 2 is in Amerikaanske aksjefilm út 2004 ûnder rezjy fan Quentin Tarantino mei yn 'e haadrollen Uma Thurman en David Carradine. De titel betsjut "Deadzje Bill: Diel 2". It ferhaal, dat op non-lineêre wize ferteld wurdt, giet oer in breid dy't wraak swart op in team hiermoardners en harren lieder Bill, nei't dyselden alle oanwêzigen op har trouwerij útmoarde hawwe en har en har ûnberne poppe besocht hawwe om te bringen. Tarantino makke Kill Bill as in hommaazje oan fjochtsportsinema, samoeraifilms, blaxploitation en spagettywesterns. De film befettet inkele swart-wytsegminten. Kill Bill: Volume 2 wie it ôfslutende part fan in duology. De beide films waarden oarspronklik pland as ien produksje, mar om't de resultearjende film dan in spyldoer fan mear as fjouwer oeren hawwe soe, waard er opspjalte yn twa dielen. It foargeande diel, Kill Bill: Volume 1, ferskynde yn 2003. Kill Bill: Volume 2 krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. De film wie in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen en wûn trije Saturn Awards.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In jonge frou, de Breid, dy't op alle dagen rint en har brêgeman Tommy, bystien troch ferskate freondinnen fan 'e Breid, de predikant en syn frou en in swarte oargelist, hâlde yn in lytse kapel bûten El Paso in rippetysje foar harren trouwerij. Bill, de eardere minner fan 'e Breid, de heit fan har bern en de lieder fan it Hiermoardnersteam De Deadlike Njirren, arrivearret ûnferwachts en hat in freonskiplik petear mei de Breid. Dêrnei jout er de oare leden fan syn team, Elle Driver, Vernita Green, O-Ren Ishii en Budd, opdracht om alle oanwêzigen te fermoardzjen. As alle oaren dea binne, wurdt de Breid troch de leden fan it team, dêr't se sels foarhinne ek diel fan útmakke, lange tiid mishannele, oant Bill har úteinlik troch de holle sjit. Se oerlibbet it lykwols en leit fjouwer jier yn koma, mar as se dêrút ûntwekket, swart se wraak op Bill en syn team.

Fjouwer en in heal jier letter hat de Breid ûnderwilens O-Ren Ishii en Vernita Green út 'e ljochten holpen (sjoch: Kill Bill: Volume 1). No giet se efter Budd oan, de jongere broer fan Bill, dy't yn in suterige steancaravan yn westlik Teksas wennet en de kost byinoar skarrelet as útsmiter en hantsjemuoisfeint yn in pleatslike stripklub. De Breid is fan doel om Budd te oerfallen yn syn steancaravan, mar hy is ree foar har en as se troch de doar stoarmet, sjit er har del mei in dûbelloops jachtgewear dat er laden hat mei halyt (in natuerlik foarkommend mineraal).

Dêrtroch wurdt de Breid efteroer smiten en is se in skoftke suver út 'e tiid, wat Budd de kâns jout om har te ynjektearjen mei in bedwelmjend middel. Dêrnei skillet er Elle Driver op en regelet de ferkeap fan 'e Breid har unike katana, makke troch Hattori Hanzō, foar de priis fan $1 miljoen. Elle, dy't de breid hatet, stelt as betingst dat de Breid oan har dea ta swier lije moat en Budd stimt dêryn ta. As de Breid wer by besleur komt, stopje Budd en in helper har oan polzen en ankels fêstbûn yn in deakiste dy't se tichttimmerje om har by nacht libben te begraven op in iensum tsjerkhôf ûnder de grêfsark fan in Paula Schultz.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn in flashback wurdt toant hoe't Bill jierren earder oan 'e Breid fertelt oer de legindaryske kung fu-master Pai Mei, dy't mei syn Fiifpuntepalmtechnyk fan it Untploffende Hert syn tsjinstanners in deadsklap tabringe kin dy't se pas nei it dwaan fan fiif stappen fernimme as harren hert útinoar knapt en se dea yninoar sakje. Bill is sels in âld-learling fan Pai Mei, mar de âldman hat altyd wegere om dy technyk oan syn learlingen by te bringen, dat Bill wit net hoe't it moat. Hy hat beävensearre dat de Breid ek by Pai Mei yn 'e lear gean kin. Hy set har ôf by de timpel dêr't Pai Mei ferbliuwt, yn súdlik Sina. De âlde master hat yn 't earstoan inkeld minachting foar de Breid en har Japanske fjochttechniken, mar meitiid wint se syn respekt. Ien fan 'e earste lessen dy't er har leare lit, is om fan deunby troch in houten planke hinne te slaan.

Yn 'e tsjintwurdige tiid befrijt de Breid harsels yn 'e deakiste ûnder de grûn fan har boeiens, wêrnei't se de technyk dy't se fan Pai Mei leard hat, brûkt om troch it lid fan'e deakiste hinne te slaan. Se klaut harsels mei muoite in wei nei it oerflak en set geandefoets ôf, werom nei de steancaravan fan Budd. Dyselde hat ûnderwilens de ieneagige Elle op besite krigen. Hja hat in koffer mei $1 miljoen yn kontanten by har om foar de katana fan 'e Breid te beteljen, mar as Budd it jild begjint te tellen, docht bliken dat se der in swarte mamba yn ferstoppe hat, de giftichste slange fan 'e wrâld. Dat komt Budd raar oer it mad, en hy wurdt trije kear fluch efterinoar yn it gesicht biten. Wylst Budd ferlamme rekket en yn it stjerren leit, skillet Elle syn broer Bill op, dy't se wiismakket dat Budd fermoarde is troch de Breid, mar dat sy de Breid om hals brocht hat. Yn dat petear wurdt foar it earst de wiere namme fan 'e Breid brûkt: Beatrix Kiddo.

As Elle de steancaravan ferlitte sil, rint se yn in mûklaach fan Beatrix. De beide froulju fjochtsje om Beatrix har katana, mar as Elle Beatrix troch in pear binnenwanden fan 'e steancaravan smyt, ûntdekt Beatrix yn in paraplubak de katana fan Budd, dy't ek troch Hattori Hanzō makke is. Budd hie eltsenien ferteld dat er it wapen fan ûnskatbere wearde foar $250 nei de lommert brocht hie, mar dat blykt no in leagen te wêzen. De beide froulju skermje dêrnei mei de swurden, wêrby't Elle, dy't ek traind is troch master Pai Mei, Beatrix ferget mei it ferhaal dat se Pai Mei fergiftige hat út wraak, om't er har rjochtereach útskuord hie nei't se him in swakke âlde sek neamd hie. In ta razernij brocht Beatrix skuort dêrop Elle har loftereach út en lit har blyn efter yn 'e steancaravan mei de swarte mamba.

Neitiid siket Beatrix yn Acuña, yn Meksiko, de pinsjonearre poaier Estaban Vihaio op, dy't min ofte mear de pleechheit fan Bill is. Hy fertelt har wêr't se Bill fine kin, om't dat neffens him is wat Bill wolle soe. Want hoe sil er oars Beatrix ea wer sjen kinne? Op 'e oanwizings fan Vihaio bejout Beatrix har nei in hotel-resort yn in âlde hacienda, dêr't se ta har ûntsetting ûntdekt dat har dochter B.B., dy't no fjouwer en in heal jier âld is, noch libbet. It famke is al dy tiid troch Bill grutbrocht. Hy hat har foto's fan Beatrix sjen litten, sadat it famke har mem fuortendaliks weromken. Beatrix bringt de jûn mei harren troch, mei't se Bill net bêst foar de eagen fan B.B. fermoardzje kin.

Nei't it famke op bêd brocht is en sliept, wurdt Beatrix ûnferhoeds troch Bill delsketten mei in ferdôvingsgewear. It pylkje is lykwols net laden mei in bedwelmingsmiddel, mar mei in wierheidssearum, sadat Bill har ûnderfreegje kin. Op syn fragen leit Beatrix út dat se de Deadlike Njirren ferliet doe't se ûntdiek dat se fan him yn ferwachting wie. Har reden dêrfoar wie dat se B.B. in better libben jaan woe as dat se har as hiermoardneresse biede koe. Bill fertelt dat er tocht dat se dea wie, doe't se nea fan har lêste misje weromkearde. Doe't er lang om let foar it ferstân krige dat se noch libbe en har ferlove hie mei in boargermantsje fan wa't er oannaam dat dy de heit fan har bern wie, draaide er troch út jaloerskens en leafdesfertriet en joech er opdracht ta it bloedbad yn 'e kapel.

Oan 'e ein fan harren petear lûke Beatrix en Bill allebeide hommels harren katana's en wikselje se sittend oan 'e tafel in pear slaggen út. Bill slacht Beatrix it swurd út 'e hannen, mar Beatrix fangt Bill syn katana op yn har skie en rekket him mei de Fiifpuntepalmtechnyk fan it Untploffende Hert, dy't master Pai Mei, sa blykt no, fan al syn learlingen inkeld oan Beatrix trochjûn hat. Dat komt Bill raar oer it mad. Hy fermoedsoenet him mei Beatrix, komt dan oerein, rint fiif stappen en falt dea del. Beatrix ferlit de hacienda mei B.B. om in nij libben op te bouwen.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Uma Thurman.
David Carradine.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                   
de Breid / Beatrix Kiddo (koadenamme: Swarte Mamba) Uma Thurman
Bill (koadenamme: Slangebeswarder) David Carradine


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Elle Driver (koadenamme: Kalifornyske Keningsslange) Daryl Hannah
Budd (koadenamme: Hoarnrattelslange) Michael Madsen
master Pai Mei Gordon Liu
B.B. Perla Haney-Jardine
Esteban Vihaio Michael Parks
Ernie, helper fan Budd Clark Middleton
predikant Harmony Bo Svenson
frou Harmony Jeannie Epper
Tommy Plympton (de Brêgeman) Chris Nelson
Karen Kim Helen Kim
Rufus (de oargelist) Samuel L. Jackson (cameo)
Larry Gomez (de stripklubeigner) Larry Bishop
stripper Jay Sid Haig
stripper Rocket Laura Cayouette
O-Ren Ishii (koadenamme: Wettermokkasin) Lucy Liu (cameo)
Vernita Green (koadenamme: Koperkop) Vivica A. Fox (cameo)

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kill Bill: Volume 2 waard regissearre troch Quentin Tarantino nei in senario fan himsels op basis fan in idee dat neffens de ôftiteling fan 'e film fan "Q & U" kaam. Dat is in ôfkoarting foar "Quentin" (Tarantino) en "Uma" (Thurman). Tarantino betocht nammentlik it personaazje fan 'e Breid doe't er yn 1994 de film Pulp Fiction makke, mei Uma Thurman yn ien fan 'e haadrollen. Yn 2000 en 2001, doe't er yn New York wenne, bestege er oardel jier oan it skriuwen fan it senario foar Kill Bill, wylst er tagelyk in protte tiid trochbrocht mei Thurman en har nijberne dochterke Maya.

Tarantino makke Kill Bill as in hommaazje oan fjochtsportsinema, samoeraifilms, blaxploitation en spagettywesterns. Oarspronklik wie it de bedoeling dat it ien film wurde moast, mar om't de resultearjende film dan in spyldoer fan mear as fjouwer oeren hawwe soe, waard er opspjalten yn in duology. As produsint wie Lawrence Bender by it projekt belutsen foar de filmstudio A Band Apart. Foar de film wie in budget beskikber fan $30 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Richardson, en de filmmuzyk waard fersoarge troch RZA en Robert Rodriguez.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar Kill Bill: Volume 1 en Kill Bill: Volume 2 fûnen efterinoaroan plak yn in perioade fan 155 dagen. Volume 2 waard opnommen yn Teksas, Hongkong en Meksiko. Hoewol't de sênes yn 'e film op non-lineêre wize presintearre wurde (dus net op gronologyske folchoarder), waarden se wól op folchoarder filme.

Tsjin 'e ein fan 'e opnamen rekke aktrise Uma Thurman ferwûne by in auto-ûngemak dat plakfûn by de opnamen fan 'e sêne wêryn't se mei hege faasje nei Bill ta riidt. Neffens Thurman hie se al har betinkings by it bestjoeren fan 'e auto en hie se dêrom frege om it troch in stunt double dwaan te litten. Tarantino bewissige har der lykwols fan dat de auto, in oldtimer-kabriolet, en de wei, in smel dykje mei beammen deunby oan wjerskanten, feilich wiene. Thurman ferlear lykwols de behearsking oer it stjoer en ried tsjin in beam oan, wêrby't se in harsenskodding en ferwûnings oan 'e knibbels oprûn.

Thurman woe de bylden fan it ûngemak sjen, mar Miramax Films, de finansier fan 'e produksje, woe dy inkeld frijjaan as Thurman in dokumint ûndertekene dat it bedriuw (yn har eigen wurden) "frijstelde fan eltse konsekwinsje fan myn takomstige pine en lijen". It barren wie Tarantino raar yn 'e wei en hy besocht it earst mei har goed te meitsjen, mar Thurman en hy holden jierrenlang rûzje. Neffens Thurman wie se foàr it ûngemak "in kreätive bydraachster" en neitiid "in brutsen stik ark". Pas yn 2018 joech Miramax de bylden frij, nei't Thurman nei de plysje stapt wie.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Kill Bill: Volume 2 waard fersoarge troch Miramax Films. De film gie op 8 april 2004 yn Hollywood yn premiêre, en iepene dêrnei op 16 april yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 13 april by platemaatskippij Maverick Records. Kill Bill: Volume 2 waard op 10 augustus 2004 útbrocht as VHS-keapfideo en op dvd en kaam op 9 septimber 2008 út op blu-ray. Op 27 maart 2011 waarden beide dielen fan Kill Bill op 'e nij útbrocht yn 'e bioskoop, diskear as ien gehiel, ûnder de titel Kill Bill: The Whole Bloody Affair.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Kill Bill: Volume 2 oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert, fan 'e Chicago Sun-Times, de film 4 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Bring de beide dielen gear, en dan hat Tarantino in masterlik epos makke, dat it fjochtsportsjenre fiert, mar it tagelyk mei de gek beslacht, derfan hâldt en it oerstiget […]. Dit is allegearre ien film, en no dat we it gehiel sjogge, is er grutter as de beide ôfsûnderlike dielen."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Kill Bill: Volume 2 in heech goedkarringspersintaazje fan 84%, basearre op 242 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] foeget ekstra plot en dialooch ta oan 'e aksjeswiere eksploaten fan syn foargonger, wylst er it dochs noch oprêdt om in tapaslik goed taslaand ferfolch te wêzen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Kill Bill: Volume 2 in goedkarringspersintaazje fan 83%, basearre op 41 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kill Bill: Volume 2 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $66,2 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $86,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $152,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $30 miljoen betsjut dat in winst fan $122,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kill Bill: Volume 2 waard yn 2005 by de Golden Globes nominearre foar 2 prizen, yn 'e kategoryen bêste aktrise yn in dramafilm (Uma Thurman) en bêste byrol fan in akteur (David Carradine). De film wûn 3 Saturn Awards, foar bêste aksje-/aventoerefilm, bêste byrol fan in akteur (David Carradine) en bêste byrol fan in aktrise (Darryl Hannah). Kill Bill: Volume 2 wûn ek de MTV Movie Award foar bêste gefjocht (Uma Thurman tsjin Daryl Hannah). Fierders waard de film nominearre foar 4 oare Saturn Awards, 2 oare MTV Movie Awards, 4 Satellite Awards en 4 Britske Empire Awards.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.